De houn.

Simen Striker, in fleurich baeske,
Wie bikend yn t hiele gea.
It fervebakje op it fytske,
Sa skarrelt hy syn deistich brea.

Winterdeis hwat weinen fervje,
Foar in gernier as foar de boer.
Altyd oan it pikerjen.
t Moast bilive net to djr.

Maeitiids kaem de measte oanrin,
Dan wie it wol sa drok.
Tuskenskoft koe er forjitte,
Meast in hapke en in slok.

Hjir en dr in kwastfol ferve,
Of in keamer mei bihang.
Mar de dagen wienen lang.

Ienkear waerd hy hastig roppen,
By in nije, jonge boer.
Om de hiele pleats to fervjen,
Mar it mocht net al to djr.

Kofje woe der neat fan witte,
Dat wie t e tiid.
Der moast dr sels foar soargje,
Ta de ferver syn fortriet.

De hiele pleats wie moaij bistrutsen,
Alles stie sa kreas en strak.
It leboerd dat blonk fan fierren,
Ferver wie in prachtich fak.

De boer hie noch in lyts kerweike,
Hwant hy hie in lilke houn.
Sels in kantich buordsje makke,
Mei in pealtsje yn e groun.

Dr moatte jo hwat moais fan meitsje,
t Giet om in goune ek net oer.
Mar dit is wol yn myn bitinken,
It moat net al to forrekte djr.

Simen wie in echte skilder,
Dkoratyf ek hiel wat mns.
Oerrinnend fol mei lytse grapkes,
Tochte, dit is dan myn bste kns.

Oan in swier en iseren keatling,
Skildere hy yn koart bistek.
In greate, mnske Dtske herder,
Mei de tonge t e bek.

Se founen t allegearre prachtig,
Dy Simen, dy koe hwat.
De rekken waerd al gau bitelle,
Dat foun de ferver frij hwat flot.

Op in nacht, doet t stjalpich reinde,
Gie de boer syn hountsje fuort.
It grauwe, swiere iseren keatling,
Wie finael oan flarden skuord.

De grapjas hie it grauwe keatling,
Yn e oaljeferve set.
De lilke houn, jim kin t bigripe,
Mei hwat kleursel en hwat fet.

De nij boer wie wol sa prraesend,
Hy flokte foar de telefoan.
Simen dy stie krom fan t gnizen,
Mar hy hie it goed bidoarn.

De man wie letter wer bidarre,
Trof de ferver oan yn t fjild.
En woe graech de oarsaek witte,
No, ,,dat wie it kofjejild.

Tsjommearum, simmermoanne 1980
J.H.W.