Parade...

Op it djre kleurekastke,
Is alle dagen hwat to sjen.
In ryk forskaet fan al it barren,
Foar de greaten en de bern.

Wy steane dan sa fuort en daliks,
Each yn each mei hiel de wrld.
Yn waerme lnnen, o sa'n droechte,
Op de noardpoal izich kld.

Kloften minsken bin' opstannich,
Stride foar har sels bistean.
Dan wer folken dy dr liije,
Lytse berntsjes, snder klean.

Ek yn drege kommentaren,
Giet it s net nei it sin.
Hiele lange nijsprogrammas,
Hwer elk syn sechje sizze kin.

It kriichsgeweld yn mannich lannen,
Is meast fgrys lik en sa fel.
t Earme folk stiet dan to skriemen,
It libben is foar har in hel.

It kleurekastke is in wnder,
Dat soks nou kin yn s bistek.
Wy tinke gauris oan dy tiden,
Fan sa 'n fyftich jier tobek.

Doe libben wy hjir wol sa fredich,
Alles wie dan wol biheind.
Gauris seach men nei de loften,
Four it grs, ast hjoed mar reint.

Wy seagen ek dat kleurich skouspul,
Ien greate lange feestparade.
Atleten, fier de flaech omheech,
Op de omstriden olympiade.

Wie dt net o sa prachtich,
Dy ynternasjonale sfear.
Einliks dochs in folksparade,
Snder militaire ear.

Sa moast it fierders altyd wze,
Alle dagen en yn sa'n sfear.
Net mear slimme wapens brke,
Hwat wie dt in greate ear.

Al de dagen yn parade
De hiele wrld in pronkklaed oan.
Dan hienen wy s fierder libben,
In himel op e ierde hawn.

Tsjommearum, winter 1980
J.H.W.