Eare.

Fan lyts foan, altyd mar skreppe,
Wy moasten almar hurder gean.
Dienen meastentiids gjin muoite,
Om ris efkes stil te stean.

Earst as beuker, stap foar stapke,
Altyd fst oan mem har hn.
Letter, foar by heit op t fytske,
Op e stange, nei it ln.

Doe mar nei de greate skoalle,
Hwa net learde bliuwde dom.
Fuort drnei it baitsje lke,
Hwant, 't wie meastal net to rom.

In pear dy koenen fierder leare,
Dy fielden net foar f en ln.
Hja hienen ek hwat better klaeijing,
Dat paste by in heger stn.

Foar in Studint mei ry k 'lik sinten,
Lei yn de takomst wol in kns.
Hy waerd soms doctor of professor,
Ja, dan wienen jo hwat mns.

Sa kaem men mei forrin fan jierren,
Op in aerdich nommel doel.
De soarch foar 't eigen soune Lichum,
De gymnastyk, dat holp sa 'n boel.

Wy moasten noch mar mear presteare,
Altyd nei in heger plak.
Al lei jins hert ek op 'e knibbels,
De master, dy wie net sa mak.

De sport, wie net to kearen,
En it gie fan ln nei ln.
Ien fan wrldske heechste minsken,
Hie in fakkel yn 'e hn,

Wy bouden greate, lange romten,
Foar it folk en foar de striders.
Kunstich waerd it iis bifrzen,
In lange baen mei sterke riders.

Wy fielden s sa lokkich,
Alle minsken meinoar ien.
Net mear nei de wapens gripe,
Oarloch, -dat wie einliks dien.

Wer makke men in greate romte,
Yn in fier en machtich ln,
Yn tinzen, wer in linich minske,
Mei in fakkel yn syn hn.

Fier omheech, mei greate tredden,
Bisiele mei 't Olympysk fjr.
Brocht hy wer syn fredesfakkel,
Op dy greate, hege toer.

It soe sa heftich wze,
Allegearre sa optein en klear.
Hiel de wrld soe it fornimme,
It gie wer om de heechste ear.

It kaem sa oars as dat wy tochten,
In oermacht luts oan t skerpe swurd.
It jowt s hjoed de dei to tinken,
Gean wy eins, wol o sa hurd.-

Tsjommearum , winter 1980
J.H.W.