Frysk, om tens...

Greate Durk fan Doede Djoke,
Wie mei fekansje yn 'e std.
Dr wenne lang syn twaling Suster,
Har man wie master, tige gld.

Op in dei, t wie yn e simmer,
Sloech him de nearens om it hert,
Yn 'e hs wie t net to hurden,
Hy hie it op in kuierjen set.

Men seach yens eagen t 'e holle,
Hast alle strjitten ta syn skrik.
Wienen rykelik bisiedde,
Mei dat nijesoartich blik.

Hege huzen, stiif fol minsken,
En dr trochhinne fleach de tram.
It koe yen dochs wol sa binearje,
De holle waerd jin suver klam.

Opiens, dr seach er hwat nijsgjirrigs,
Hy roan d 'r rigelrjocht op ta.
Soks fynt men ek net alle dagen,
Drfan, moast hy it sines ha.

In lde auto, fol mei stickers,
Ut it moaije Fryske ln.
Durk dy waerd op slach prrasend,
Hy stie suver yn'e brn.

Mei hiele lange greate trdden,
Stevene hy op 't lykje ta.
Hy liez bikinde spreuken,
Fan de bolle en de boer en sa.

In kop kaem troch it rt fan boppen,
En rp ldroftich ,,zoekt u wat? "
Durk wiisde nei de stickers,
En raesde, kwat moat dat?

Earst tocht er, dit is troffen,
En balte, ,, bin' jo ek in Fries".
Wizende op al dy spreuken,
Wol hast amperoan in snies.

Lang om let kaem 't mantsje nder,
En bliawde by syn auto stean.
It hier hwat wyld om t smalle kopke,
Yn in snstrich pakje klean.

,, Ik was daar eens in 't hoge Noorden,
Op vakantie zoo gezeid.
En vond dit in een boekewinkel,
Bij zoo'n toffe boeremeid.

Ik dacht, het is weer eens wat anders,
Die lui, die brabbelen zoo leuk. "
Durk wiisde nei de auto,
It ldermeaste, dat wie deuk-.

Hy lake hwat om Durk syn praetsjes,
Mar die naem hy net to fiter.
Dat sleauwe eigenwize mantsje,
Wie mar in rare stpeskiter.

Syn swager moest dr wol om laitsje,
..Dat heb je in een grote stad.
Syn suster lier er noch op folgje,
,,Dyn fryske akte, - die wol hwat .

Durk, gie wer op nei hs ta,
En foun it mar in great skandael.
Sa healwiis om te griemen,
Mei s moaije memmetael.

Tsjommearum, Rispmoanne 1979
J.H.W.