Feknsje . . .?

Berend Blokker, in eptich mantsje,
Siet by de notaris op 't kantoar.
Akkuraat en sa oanfallich,
Mar wol greutsk, dat sei in oar.

Hij hie fansels in oare namme,
Mar dat hie it doarp t foun.
Wie in oar faek oan it keatsen,
Dan learde hy ta oan 'e joun.

It gie fansels net t 'e romte,
Mar master seach der wol hwat yn.
Mem dy sei, hwat moat er blokke,
't Giet him wier net foar de wyn.

De bern, allang thuzich,
De soan al oan it wiif.
It famke hie in stdske keamer,
Dus hielendal gjin ngeriif.

Klaske, o sa'n warber wyfke,
Om it jild koe it nou skoan.
Dy krige 't yn 'e holle,
Togearre nei it btenln.

It moast der nou fan komme,
Oars dan waerd him net.
Foaral op tiid de boel yn streken,
Dan wienen se mar net to let.

Ut sa 'n fge tweintich folders,
Kaem op 't lst de bste t.
Nei de Switserlnske bergen,
Ja, dat wie har einbislt.

Greate koffers fan 'e souder,
En dy fol mei nije klean.
As men op sa 'n greate reis gie,
Moast elk dochs hwat netsjes gean.

Berend tge mei de koffers,
Klaske, in taske oan 'e hn.
Dryn hwat poeier en hwat ferve,
En salve, four de sinnebrn.

Tsien dagen nei de bergen,
De bus dy brocht har oeral lns.
Oer de heuvels, troch de dalen,
Sa 'n sjefeur, dy wie hwat mns.

De dagen wienen suver omflein,
It hie har beide skoan foldien.
Berend hie as souvernierke,
In nijskjirrich stikje stien,

Op e joun it wie al skimer,
Kamen se wer ths.
Berend sakke yn it bankstel,
En hy stinde, o myn krs.

Dokter kaem to ndersykjen,
Myn leave man, dit is akkt.
Jo binne hielendal forbealge,
En beslist de doar net t.

Klaske foel sahwat fan t hynsder,
Hwat wie dit in rare boel.
Berend, dy siet heal forwrongen,
Mei in folder yn e stoel.

Tsjommearum, Simmer 1979
J.H.W.