Camping ....?

De snie lei suver noch op richels,
doe 't Wibe thśs kaem fan `t febryk.
Mei in pompier, om yn to follen.
Fekānsje koe net tagelyk.

Wietske sei moat dat dan nou al?
Ik fyn, se binne wol bitiid.
Mar Wibe die to witten,
elk bidriuw hat syn bilied.

It is in treffend skriuwen,
fan de greate direkteur.
Mei sa’n kliber ūnderdanen,
wol de man wier gjin meleur.

Wy moatte allegearre skikke,
Hwant alles stiet op til.
De man, hy sei it noch sa dudlik, De mesines, kinne wier net stil.

Forline jier yn Limburg,
mar, dat wie har nou to fier.
Se moasten ek hwat greater tinte,
dy hiene se al, op drukt pompier.

Fekānsje, it wie de bidoeling,
net alto fier fan hūs.
En de bern dy koenen fytse.
In camping, mei hwat beamgerūs.

D 'r kaem ek noch in nije tinte,
dat koe noch fan't fekānsjejild.
Rom en sokke moaije kleuren,
hwat stie dat prachtich op it fjild!

Lang om let wie alles regele.
De reis gie op nei Appelsgea.
De bern, dy koenen dźr gedije.
En fleane yn har bleate lea.

Yn hartinzen, wy kin't bigripe,
alle dagen sinneskyn.
It hiele lichem ris ūntspanne.
En perfoast gjin hurde wyn.

Mei geduld en o sa'n oerliz,
Stie de tinte op it grien.
Mar de sinne wie forskūle,
de loft, liet gauris in trien.

Nou net, dat se har forfeelden,
mar sieten faken binnendoar.
De bern, dy dienen spultsjes,
mei de bern wer fan in oar.

Dy Hans de Jong, koe 't moaij fortelle,
dat is dat mantsje fan Gerdyk.
Syn Rono waerbirjochten,
dy rounen lang net lyk.

De dagen wienen net sa bjuster.
Ien wike gie noch wol.
Mar al de oare dagen,
stie de wyn mar frij hwat bol.

By de thśskomst yn it stźdsje,
Woe Wietske, ek net wer nei Appelsgea.
Wibe liet him flot ūntfalle,
Dan takom’n jier nei Parregea.

Tsjommearum, simmer 1979
J.H.W.