De frage . . .

Tabe siet mei noch hwat jongfolk,
By dmny yn e konsistoarje.
Sa jns mei allerhande fragen,
Oer de hillige histoarje.

It witten en de skriftekennis,
Wie net sa bjuster botte heech.
De fragen fan de doarpske dmny,
Wienen meastal fiersto dreech.

De jonges fan de leeg re skoalle,
Wrotten meastal op it ln.
Mar mei hwat takt en moed en oerliz,
Brocht dmny it har yn 't forstn.

Hy frege op in kear oan Tabe.
De Isralieten kamen troch de reade see.
En hoe as alles dr doe barde,
Op dt, foar har, sa hilge st.

Nou, dat wol ik jo wol sizze,
Sei Tabe, glimkjend en hwat swiet.
Alderearst har lea fdroegje,
Hwant se wiene dweil trochwiet.

Doe waerd dr wol sa freeslik lake,
Dy Tabe, hie it altyd bryk.
Mar hwa soe him dat dochs ntkinne,
Misskyn hie hy ek wol gelyk.

Hy krige doe opnij in frage,
Dy wie foar him ek fiersto dreech.
Dat moat ik dochs oars ek wol witte,
Mar t boppe-ein is suver leech.

Dmny koe `t mar net bigripe,
In jonge mei sa 'n goed forstn.
Hy moast opslach doch soks wol witte,
De man. dy wie d 'r gld mei oan.

Tube sei doe tsjin de herder,
En miende dat, t hiel syn hert.
Wr bleau de hd fan Bileams ezel,
It stiet biskreaun, jo wit it net.

Nou, sei dmny, slim neitinkend,
Dit is eins wol hwat oerdreaun.
D'r stiet ek yn de hiele bibel,
Us nearne hwat, droer biskreaun.

Op it lst moast by bikenne,
N, bislist, dt wit ik net.
De jonges stienen stom to eagjen,
Mar Tabe wie opslach biret.

De hd fan Bileams ezel,
Wie makke fan in stoflik klaed.
En nei it einigjen fan syn libben.
Werom gien, lns itselde paed.

Dmny moast de slach forlieze,
Hwat kin it dan dochs raer biteare,
Hy as herder fan it doarp,
Koe ek noch hwat fan Tabe leare.

Tsjommearum, winter 1980
J.H.W.