De krante

Alle dagen komt de nije krante,
Hast by elk wol troch de doar.
Mei blide berte adfortinsjes,
Drneist, -dyjinge dy t forstoar.

By it omslaen mannich stikken,
Oer de wrld en maetskippij.
Kolommen leed en oarlogsdriigjen,
Och, it is faek net mear nij.

Dan in krante mei ryklik iten,
De reklame,- o dy blinder.-
Earst in priis foar safol sinten,
En nou, in groue goune minder.

By Albert, dr moat jo it keapje,
Syn prizen binne wier net heech.
Dan komt Fedde noch mei sifers,
Dy slacht lles net omleech.

Lang en dreech, ynstjrde stikken,
Hjir rommet elk syn brzjend hert.
Inerlik efkes stikelstekke,
Mar iens, dat bin ' se t meastal net.

De bern, dy hawwe ek in hoekje,
O sa earlik, oprjucht en gol.
Dy skriuwe altyd sa 't se tinke,
Ut in hert, oerrinnend fol.

Fotos, fan it slimme barren,
Fan brn mei f en lns de dyk.
Hjir en dr, forskorde autos,
Mei woune minsken, - faek in lyk. -

Sykte, honger en ellinde,
Yn mannich ln en greate std
Alle dagen 't leed foar eagen,
Mar, - it leit net by s bd.

In fredesuster leit op knibbels,
By 't bonkeramtsje fan in bern.
Yn har herte, leauwend, freegjend,
Hoop'lik is 't noch net forlern.

De kreas optearde nije krante,
Leit aenst' wer op de plusenstoel.
Moarn mar gau nei 't lde skuorke,
Dr lizze wol sa 'n boel.

Takom sneon komt wer de auto,
Mei Sies en Stietse en greate Roel
Dy binne altyd tige dwaende,
Mei ld pompier foar 't goeie doel.

Bld foar bld sjucht men de krante,
It is wol sa bihaechlik ths.
Noch efkes eagje nei de fotos,
Nei dy suster, - fan it reade krs.-

Tsjommearum, winter 1980
J.H.W.