Yens neiste....

It is sa 'n spul, sei Goffe Geeske,
In protte beantsjes op it ln.
En nou hat Goffe 't mei de mage,
De man stiet suver yn 'e bran.

Juster ek al net sa monter,
Do kaem er al yntiids wer ths.
Kriget ek al medisinen,
En ivichoan yn 't lde krs.

'k Sei, sil ik it weagje,
Mar dat foun hy hwat to gek.
Op it ln dr wurdst sa smoarch,
It is allegearre drek.

Tsjal, die it forhael oan Tsjisse,
Dy ths kaem fan syn wurk.
Hja moasten hjir de neiste helpe,
Snder dat in oar it murk.

Goffe sei, dt soe hwat wze,
Dan wurdt it spul net wei.
Fan e sleat, de achtste eker,
Dan hoech ik dus net mei.

Moarnsbitiid, it wie noch skimer,
Dr pandere de goeie Tsjisse.
Wakker oan it eker tellen,
Dit wie m dan, it koe net misse.

Minsken, hwat wie alles ryklik,
Yn ommesjuch de amer fol.
Tige plat en op 'e knibbels,
En hy wrotte as in mol.

De beide froulju oan 't birdden,
En foar dat elk it wiste.
Yn in feech yn plstyk pden,
Daliks yn e koele kiste.

Allegearre sa tofreden,
It kerwei wie mar in skeet.
Soks, moast ris hwat faker barre,
Yens neiste helpe yn 'e need.

Fch trije dagen letter,
Kaem Piter Wytses op syn ln.
Hy seach syn eagen ut 'e holle,
Dit wie slimmer noch as brn.

De man koe it mar net bigripe,
En hy stie sa stom forbaest.
Wie dit nou in natrforskynsel,
Hie in stoarm oer syn eker raest!

It forsin is goed bisprutsen,
D 'r is ek lake, tot en met.
Tsjal, dy sei ek noch tsjin Tsjisse,
Dou kinste dochs wol telle net?

Geeske die har friezer iepen,
Hwat dochs wer in ryk bisit.
En Piter Wytses wyfke,
Stlde goffes beantsjes nder t lid.

Tsjommearum, simmer 1979
J.H.W.