Bjusterbaerlik...?

Ja, dat wie it waer yn Frjentsjer,
Dat soks, dan ek noch kin.
Hielendal wer net forwachte,
Wol sa bjusterbaerlik min.

It is dan o sa spitich,
Foar mannichien, - de dei -
Al it hiele jier foar garre,
It folk, dat komt dan rounom wei.

Tinke, oan de lde freonen,
Op sa 'n feestelike moarn.
Har geast, net t to wiskjen,
Yn it lde Sjkeln.

Elkenien dy hat san niget,
Oan it fle keatsersfolk.
Mar de loft, dy smiet mei wetter,
As wie, t in jarrekolk.

Men hie de measte wille,
Op it gledde, griene md.
Dy it waer net koe fortarre,
Naem in hapke yn 'e std.

De krigele, bitfte keatsers,
Dy sloegen ta de ein.
Har doel, - it lytse roune baltsje, -
Seagen net, nei Wyn en rein.

It keatsen yn us lytse lntsje,
Dat hlde wy nwitend heech.
Kloften minsken om 'e touen,
Al is it waer ek noch sa dreech.

Takom jier, wr yn it lde Frjentsjer,
Meinoar, ien greate bn.
De greate dei, - dy fan it keatsen.
Yn s moaije Fryske ln.

Tjsommearum, Wettermoanne 1979
J.H.W.