Twaling

Alhiel fan t stuk, oerstjoer fan blidens,
Fleach Jehannes troch de doar.
Tige hastich en sa rimpen,
Op in Hilversums kantoar.

Menhear, Jo moat ris nei my harkje.
Ik wol it blide boadskip dwaen,
Yn de pleatselike krante,
Us lytse twaling oan to jaen.

Myn frou en ik, wy bin ' sa lokkich,
Dat dit nou krekt s barre mei.
Wy hiernen ek allang in famke,
En nou dy twa, sa ik al sei.

Wy wolle dit nou kundich meitsje,
Wol hast oan de hiele wrld.
Dit moat ek s Pake lze,
'k Siz it Jo, hy is al ld.

De menhear kaem net t,Frysln.
Mar hy harke nei de man.
Dy dr so oerstjr oan 't wurd wie.
Hy stie allykme neist de skon.

Jehannes die yn 't hege Hollnsk,
De tekst en t lech fan syn doel.
En de man efter it buordsje,
Siet noflik yn syn leuningstoel.

Myn lden en myn Pake,
Dy hawwe noch in hechte bn.
Eartiids binne hja ek berne,
Yn dat fiere, Fryske ln.

En drom wol ik Jo nou freegje,
Kin 't ek yn de Fryske tael.
t Hoecht net sa lyts en sa bihindich,
It mei yn opset wol rejael.

De kranteman dy naem de pinne,
En sette op in fel pompier.
Jehannes, Jelle, Peiter Ketel,
En Adriana van der Vlier.

De redacteur sei tsjin Jehannes,
Wol menhear, sa is t dan klear.
Jehannes wie de man sa tankber,
En sei oermoedich-mar oan t sjens menhear-.

De oare deis koe elk it lze,
Yne Std en yn it ln.
D'r bintwa lytse tsjettels berne,
Mei in rydlik goed forstn.

Mem en Heit, dy bin ' sa lokkich,
Se kinne d 'r hast net oer t.
Twa leave lytse tsjetteltsjes,
Ien mei, - en de oare snder tuet. -

Tsjommearum, Jier fan it bern, 1979

J. H. W.