P.C. 1989. . .

Treffend en oandwaanlik,
Foar keatser en partoer.
De taspraak fan de lieder
Fan it P.C.-bestjoer.

Oan elk joech hy in stipe,
Foar de striid yn 't keatsersperk.
Elkenien dy wol it winne,
En fielt him tige sterk.

It keatsersfolk sit al te grtsjen,
Dat partoer sil it wol winne.
Sjochris hoe't dy boppeslacht,
Der kin gjin mins omhinne.

It waar bern en suterich,
Dat koe wol wat beter.
Hurde wyn, de ballen kwea,
No en dan in snjitsje wetter.

Op tribunes en banken,
Folget elk de fle striid.
Slacht in keatser dan wer boppe,
Dan klapt mannichien sa bliid.

Oan e ein fan t fle keatsen,
Machtich san famyljedei.
Noch it moaje folksliet,
Elkenien dy sjongt it mei.

Dan wlet it yn s herte,
Dat soks noch barre kin.
Ik fiel my dan sa lokkich,
Dat ik in bern fan Frysln bin.

Tsjommearum, J.H.W.