Facelift

Aaltsje, wol sann kreas en knap jong fanke,
Ferhuze eartiids fan de pleats.
Hja siet fol fan de komeedzje,
Hlde har net bij de least.

Alida, dat waard har namme,
Heit wie wolgesteld en boer.
Mar yn die, grutte djre stden,
Kaam die namme better oer.

Ali, witwat yn e holle,
Op it artistike md,
Mar dr wienen al gns fammen,
Yn dy Amsterdamske std.

Krige ek al wat gedoente,
Mei in kreaze glde hear.
Dy gie it om har mannich sinten,
En kaam in oare kear net mear.

Har stim, net helder en net suver,
It joech noch al in hiel gepiel.
Mar se woe en soe 't besykje,
En bliuwde by it folkstoaniel.

Ek trouwe noch, te lange lsten,
Mar dat wie net fan lange doer.
Ek die tarde op har sinten,
Fan leafde bliuwde neat mear oer.

Ali waard in fette fodze,
Dokter sei, t komt sa net klear.
Jo moat beslist wat minder ite.
Want straks dan doocht jo hert net mear.

It iene piltsje nei it oare,
Alles op in djoer resept.
Jns siet hja ynt skimerdnker,
Wr ha ik no sa hurd foar skrept?

Ali krige 't oan de holle,
Har fel, dat waard sa rom en slop.
Dokter sei dat kin feroarje,
Wy lke dat wat heger op.

Dat gie fansels ek net sa maklik,
It duorre wol it hiele jier.
Mar men koe it oars net sizze,
Har antlit dat waard suver blier.

In kunde t har lde doarpke,
Kaam del ris op in kear.
Dy seach har deagen t e holle,
Do bist amper deselde mear

Ja it liket kreas en aardich,
Men kin it sa wol sjen.
Mar ik ha it nea net witten,
Do hast in kltsje yn dyn kin.

Aaltsje sei, t kin net feroarje,
k Ha it ek net witten.
Dat kltsje yn myn nderkin,
Dr hat earst de nle sitten.

Tsjummearum J.H.W.