Lytsguod

Romke Rinsma wie in bakker,
Hy hie namme yn it gea.
Elkenien wist mar te sizzen,
Romke hat it bste brea.

Yn e winkel oer de toanbank,
Altyd goed te broeken.
In rop gie troch it hiele doarp,
Hearlik syn oranjekoeken.

Hy wie lykas al dy oaren,
As bakkersfeintsje doe begn.
Hie in bulte nderfn.

Bakker wze wie net maklik,
Altyd foar it hite fjoer.
Middeis mei de koer op sutel,
En it mocht ek net te djoer.

Motors woe der neat fan witte,
Gie mar op in grutte fyts.
Dat wie maklik yn 'e bochten,
Want de steechjes wienen lyts.

Bern, dy koenen him ek fine,
Foar wat losse reade sinten.
Kochten hja mei grut gebaar,
Koarstekoeke, fol mei krinten.

De klanten, meastal tige sinnich,
Al hie men kuorren lekkernij.
Wol it guod meast yn e hannen,
Mar harris wie der faek net bij.

De frou fan Sietse Soalsma,
Wie no just ek al sa n type.
It measte fan it drege praat,
Koe men faken net begripe.

Hja koe it ridlik goed betelje,
Mar kaam hast net ta in beslt.
Tiden koe hja dan ek haffelje,
En gie mei neat de winkel t.

Op in dei gie wer de skille,
Romke slofke troch de gong.
Ja, it wie wol wer frou Holle,
Dy ,t dr oer de toanbank hong.

It minske die wer har ferhalen,
Hja krige froulju oer de flier.
En dan die grutte skerkoeken,
Wie foar har wol in beswier.

Ja, sei se ik bin wat hastich,
En ik moat ek nedich fuort.
k Fyn dit eigentlik wol begrutlik,
Hawwe jo ek lytser guod.

Romke seach oer al syn trompen,
En hy sei it o sa skruten.
Lytser koekjes ha ik net,
Dan flle jo yn pipernuten.

Tsjummearum J.H.W.