It jonkje

Master hie gauris murken,
En tsjin syn lders sein.
Piter dy koe wakker leare,
Hy hie wat yn syn boppein.

It wie no just ek net in boarter,
Stie op it plein meast tsjin e muorre.
Kiuwde nea yn hege beammen,
Want dan koe syn broekje skuorre.

Dochs soe hy mar fierder leare,
En helle ek de B.B.S.
Alles gie net t e romte,
Mar mem stie altyd op e bres.

De direkteur joech har te rieden,
Har soan dy koe noch heger gean.
Technysk wie alhiel syn knobbel,
Yn Delft, dr soe syn skoalle stean.

Dr hie it mantsje net san sin oan,
Jo wienen dr op t frjemde md.
Studinten moasten oeren rinne,
Mei in hntsje troch de std.

En der wienen ek wot guodden,
Ja, dat like nearne op.
Snder earne nei to freegjen,
Knipten se it hier jo fan 'e kop.

Mem gie ek nei de professor,
Sei, no moatte Jo ris heare.
Soks dat wol s Piter net,
Dy wol hjir hwat leare.

De professor, goed en aardich,
Sei, mefrou it komt wol klear.
Jo soan wurdt as in bern behannele,
Net in minske docht him sear.

Piter, Mei twa grutte koffers,
Stapte t in lange trein.
Op it perron, yn dokters klaaiing,
Studinten mei in bernewein.

Sa kaam it slim bedoarne jonkje,
Yn in frjemde, grutte std.
Letter waard er ek professor,
Mei in holle, o sa gld.

Tsjummearum J.H.W.