De matte. . .

Tiede jonge, moast ris harkje,
Hwat iser dochs mei dy.
Dou biste neat fleurich,
Ik murk it by de kij.

Moarnsbitiid dan bist al dwaende,
En sjongste oer it gnske wiid.
Mar hjoed, ik kin 't my net bigripe,
Dou biste lang net bliid.

Tiede woe it net bikenne,
It kaem der o sa skruten t.
Jo sil it faeks wol witte,
It widske komt wer foar it rt.

't Giet by s net t 'e romte,
Ja, dat is nou ienkear sa.
En nou, mei de nijebaekster,
Woe Akke graech in matte ha.

I ksoe dan mar de kanten fervje,
Of misskyn in stikje swilk.
Mar, it sit him oan de sinten,
Endat makket my sa lilk.

Wy binne noch al machtich,
Mar wol allegearre soun.
Tuskentiids en jouns drok dwaende,
Op it stikje melkersgroun.

Hy naemTiede by it skouder,
Sit nou mar nearne mear oer yn.
Alles komt wol wer ynoarder,
Sjuch dan mar yn 'e sinneskyn.

Deselde jouns gie yn it doarpke,
De sa fortroude tillefoan.
De winkelman, dy 't glimkjend harke,
Naem it blide boadskip oan.

It wie al wer hwat wiken letter,
Alles wie mar goed forroun.
Ryklik hea siet yn 'e gollen,
De beste jirpels t 'e groan.

Tiede hie syn nusje kninen,
Foar in goeije priis forkocht.
Stie yn t foarste plak to tinken,
Datl hy de boer syn sinten brocht.

Mei de sr forgarre strkes,
Gie hy yn it bths del.
De boer hie dit net mear forwachte,
De goeije man waerd suver kjel.

Tiede tanke him ek noch ris,
Four syn gol en great gebaar.
Die it blikken doaske iepen,
Mei it jild en - in segaer-.

Hy woe der neat fan witte,
Dat haste lang al lyk.
Mei dyn skreppen en dyn skuorren,
Bin 'de bieten oan 'e dyk.

De lytse man waerd suver troffen,
Hwat wie dit in bste boer.
Mei swi tsoe er bitelje,
Sa 'n man, dr hie der hwat foar oer.

Hy stapte as in greatske hoanne,
Werop nei de bthsdoar.
It joech mar neat, hy koe 't wol merke,
De man hie grif hwat mei him foar.

Doe hy ths kaem by syn Akke,
Sei er, hldt dyn hn ris op.
Dit is foar in winterjaske,
Foar s leave lytse pop.

Tzjummearum 09-01-1988
J.H.W.