De duffel . . .

Jo moatte foar de winter,
Al wat knapper yn 'e klean.
In moaie, dŻnkere, waarme duffel,
Soe ek Jo wol himmel stean.

Dat sei Japke tsjin Johannes,
Hja wennen byinoar.
Beide ferlearen hja har neiste,
En koenen wakker meielkoar.

Har plak wie yn it keatsersstedsje,
Hienen nearne oan gebrek.
Johannes stie deis by de oaren,
Wat hingje, op it ‚lde stek.

Hy wie oars net fan feroarjen,
As't mar hiel wie en wat skjin.
H‚lde net fan dat ķtwrydske,
It wie him meastal gau nei't sin.

Mar as Jo dat miene Japke,
Giet it fuorfendaliks oan.
En gean ik nei de kleansaak,
Fan Piet Molenaar en soan.

It lyfse mantsje yn 'e winkel,
Sei tsjin him, ek dei mynhear.
Jo sine mar gewoan Johannes,
Kinne Jo my dan net mear.

De betsjinner moast wol glimkje,
O ja, ik sjoch it no al wer.
Hjir komme ek safolle minsken,
RŻnom wei, fan her en der.

Johannes die mei hiel wat omhaal,
Syn boadskip oer in nije jas.
'k Wol ek no al wer wat goeds ha,
Sit alhiel net krap by kas.

De ferkeaper brocht in deechlik jaske,
Passe Jo dy mar ris oan.
En hjir, yn dizze stielen rekken,
Hingje nooh in stik of s‚n.

Johannes wie mar oan it passen,
De iene oan, de oare ķt.
Ja en hokker moast it wÍze.
Hy kaam fuort net ta in beslķt.

Wat tinke Jo, 't wie tsjin it feintsje,
Jim hawwe soks sa faak by d' ein.
It is yn't earstoan foar de winter,
Mar kin it ek tsjin wiet en rein.

No dan soe ik dizze nimme,
Hy stiet jo tige kreas en kant.
Hjiryn hawwe Jo de romte,
It moat ek net sa strak en spand.

De priis is net fan 't alderheechste,
Wier, dat f‚lt jo ek noch ta.
Mar Johannes moast it djoerste,
'k Moat der jierren wat oan ha.

De betsjinner naam de swiere duffel,
Die Żnderweis de priis omheech.
Hy moast ommers klean ferkeapje,
De klanten wienen faak sa dreech.

Jehannes suver yn Ďe wolken,
Stapte as in swarte krie.
Joech de betsjinner noch in tientsje,
Omdat die him sa holpen hie.

Tsjummearum J.H.W.