BOERELIBBEN

Seis jier lang en altyd rinne,
En doe gie de skoaldoar ticht.
Lytse Auke fan de Ple,
Moast ek nei de boer, allicht.

Heit wie fst, in bste melker,
Alle wurk wie Willem treast.
It fee, dat gie foar alles,
Dat luts him noch it meast.

Op sneontejn sei lde Willem,
'k Wol der net om lige.
Mar sa't ik it sjoch,
Dan hak tefolle sinten krige.

It siet him wier net noflik,
Die lang om let de klompen oan.
It reinde dat it miigde,
Sa kaam er by de foarein oan.

De boer moast wol sa laitsje,
Sok waar en dan hjir hinne rinne.
Dy trije gne hlde jo mar,
Jo ha se wol fertsjinne.

Auke moast de frou ek helpe,
Wykliks, mei it swiere kleed.
Fleach dan op syn swarte sokken,
Troch it tsjfhok as de weet.

De amers, oerrinnend fol mei wetter,
Helle hy dan t de saad.
It minske koe sa lametearje,
Moast net sa puozje op it paad.

Moarnsbetiid, om fjouwer oere,
In klompslach, op it houten blyn.
Hy moast de boer dan wekje,
En dy hie de smoar faak yn.

Kaam dan flokkend yn it bths,
Grutte gek, ik skrok my dea.
Neat allegear, sei Auke,
Jo ha 't wol oan de lea.

Winterdeis de skeaven terskje,
Mei de kneppel en de rle.
Alle wurk dat moast er leare,
It jonkje fan de ple.p> Hy samle yn it pikke donker,
In protte skeaven op e golle.
Gie de boer de reed dan lns,
Krige die se op e holle.

Sa wie Auke altyd dwaande,
Stiiffol fiten, mar net gemien.
Heit hie it hlden en it kearen,
Aanstens krigest ek noch dien.

Rzich wie it boerelibben,
Mar alles hat in kear.
De boer dyt flokte en s Auke,
Dy binne der net mear.

Tsjummearum J.H.W.