Sinterklaasjn . . .

Lytse Laas en Grutte Gatse,
Tegearre meastentiids op paad.
Men sei dan yn 'e buorren,
De ien rint yn de oar syn skaad.

By master net de alderheechsten,
Dat koe har in bytsje skele.
Sieten fol mei frjemde fiten,
Koenen har sa deaferfele.

Heit stie deis yn 't grutte bths,
It measte wurk wie by de boer.
En nei de legere skoalle,
Kaam de measten dat ek oer.

De eagen skoden oeral hinne,
Seagen hja wat klompen stean,
Dan wat pik, om net te slykjen,
Meiens wat stientsjes op 'e tean.

Simmerdeis, in skort iepen,
En dr tusken faek in doas.
Smieten dan it hs fol stikels,
Altyd hienen se wat oars.

It rn al nei desimber,
Men tochte al oan Sinterklaas.
By de bakker jns oan 't sjoelen,
Om swietekou en speculaas.

De beide smychten, sa beslipe,
Gyngen jns de goaten lns.
Op de kloskes sieten mosken,
Sklje, oant de oare moarns.

Fongen dan in stik of fjouwer,
Yn in doaske mei pompier.
Mei in toutsje dr omhinne,
En it deksel op in kier.

Rpen folk, by Feije en Fetsje,
Soenen dr in grapke ha.
Dr wienen trije grouwe katten,
Dienen gau de doar wer ta.

De frin lit him wol begripe,
De mosken fleagen fuort omheech.
De lde minsken, sa oeremis,
It doaske wie ek samar leech.

Alde Feije sa ferrifele.
Skeat daliks yn it mlle fel.
Sloech mar mei de stk ynt wylde,
En helle ek de spegel del.

Oeral hie men sokke fiten,
Alles kaem doe ek net bleat.
Faken gie it o sa stikum,
En de dieder wist fan neat.

J.H.W
Tsjummearum