Blleguod

Gooitzen, ien fan Hindriks Metsje.
Wie as jonkje al bigoun.
Syn Mem, allang in widdo,
Hie mei bIlekoerren roun.

Mei hwat kistkes op in kroade.
Gie hy by de minsken oan.
It lytse jonkje hie fan alles,
Sjippe, knopen, fiterbn.

It gie mar aerdich mei de handel,
Gooitzen sa oprjocht en goed.
Koe him sa mei minsken rdde,
Earlik en fol goede moed.

Hja wennen yn in ld lyts hske,
't Wie fan de diakonij.
Metsje hie ek plattekoeken.
En forfsjinne d 'r hwat bij.

It feintsje waerd al ringen greater.
Mei it each de takomst yn,
Hie op 't lst al kdde en karre,
It gie him suver foar de wyn.

Yn it doarp wie alles ryklik,
Fjouwer bakkers stienen klear.
Minsken dy de weinen makken,
Smidden. skearders en noch mear.

Keapju dy hwat handel driuwden,
Yn ierappels of mei f.
It libbe echt dryn 'e buorren,
Yn it doarpke by de s.

Moarnsbitiid, om fjouwer re,
Gie de melker al fan hs.
De bussen op it setterweintsje.
De fuorman faek noch yn e ss.

It moarntiidsbrea wie al sa prachtich,
F en fgels dienen mei.
Machtich dochs dat greate wnder,
De berte fan in nije dei.

Yn 'e buorren kaem ek libben,
Mannichien gie troch it gea.
Gooitzen moast nei alle bakkers,
Om har blleguod en brea.

Mei in karfol allerhande,
Rlle hy de buorren t.
De minsken hearden him fan fierren,
Fan bllguod van t krintestt.

Waer en wyn koe him net deare,
En foar sykte meast biwarre.
Siet hy as in hege prins,
Boppe op syn bllekarre.

Op in winter moast er lizze,
In hege koarts dy sloech him del.
Hie it wakker slim to pakken,
Skodde oer it hiele fel.

Syn ldste broer soe him mar helpe,
Stilstean koe de handel net.
De minsken rekkenen op Gooitzen,
Hwant elkenien hie wol forlet.

De hiele dei wie Sibe dwaende,
Hie ek wol svn praetsje klear.
Mar op in joun, de lste klanten.
Hie hy hast gjin bllen mear.

Mei it kleedsje oer it koerke,
Roun hy noch nei Simens Geart.
Dy wennen yn in eigen hske,
Oan e lde greate feart.

Geartsje moast, dat wie gewoante,
Fan har eigen bakker ha.
It minske, sa djiptinkend leauwich.
Easke har dy bllen ta.

Sibe gie wr nei de karre,
Die it deksel op in kier.
Wolle jo deselde blle,
Yn bypasselik pompier.

It minske wie do sa tofreden,
Sibe hie syn plicht wr dien.
Se hienen har sa lekker smakke,
En is dr wier net dea oan gien.

Tsjommearum, foarjier 1983.
J.H.W.