Jonkheid

Op 'e skoalle die 't al bliken,
Dat er mear koe as in oar,
Harke er mei sawn pear earen,
Meastentiids in reed yn 't foar.

Hy die master frjemde fragen
Goeie man wie der mei oan,
Luts betinklik oan 'e skouders,
It gie boppe syn ferstn.

Wrom oft it grs no grien wie,
En de grutte see sa salt,
Watfoar fjoerbol is de sinne,
Wrom is de Poal sa kld?.

Dat wie Thys, fan Roel en Lutske,
Hja hienen noch in oare soan,
Mar dy seach it swurk wol driuwen,
Die meisin wat kalmer oan,

H.B.S., it waard probearre,
Thys dy soe mar heger op,
Memke hie dat wakker stipe,
Neamde him, har skrand're pop.

Mei de wil, de moed en kennis,
Klom er as in reid omheech,
Heit, dy hie sa syn betinken,
Is it dy net wat te dreech?

Thys koe ek wol fammen krije,
Mannich famke seach him oan,
Hy hiet moai op in tfke,
Net in mantsje foar it ln.

En de kar dy foel op Jitske,
'n Tsjeppe faam, de krol yn 't hier.
Ja, dy mocht der hiel wol wze,
Wie ienfldich, gol en blier.

't Houlik waard opslach in segen,
Sa twa jonkjes tagelyk,
t Wienen wol wat hannebynders,
'd Alden, lokkich, o sa ryk.

Ek har libben hie problemen,
Alles wie net sinneskyn,
Thys dy koe him tige rde,
Siet drtroch ek oeral yn.

Mem siet meastentiids allinnich,
Boarte mei it leave stel.
Heit, faak slch noch fan t learen,
Joech him op e divan del.

Jitske koe 't net mear ferkropje
Altyd bisto oan 'e gong.
Sjoch do ek ris nei dyn berntsjes,
Want se binne no noch jong.

Takom jier, dan sil ik slagje,
Hooplik foar it doktoraat,
Dan sil ik alhiel my mije,
En gean'k mei de bern op paad.

Thys hie al it briefke helle,
't Wie dan ek in hiele ear.
Mar ntgroeid wienen him berntsjes,
Hja koen' hast har heit net mear.

Al it moaie yn it libben,
Duorret mar in amerij.
Alle tiden ha in wiksel,
Jonkheid is sa gau foarbij

Tsjummearum J.H.W.