BlommenÖ

Bjusterbaarlik, wat in hichte,
Wat in pracht, de sinneblom.
Ut in hiel lyts pitsje komme,
Grouwe st‚len en net krom.

DÍrneist stean de gladioalen,
Al sa mearkeŽftich moai.
't Lykje no wol wiere juffers,
Yn har feestelike toai.

Dalia's yn grutte bosken,
Alle kleuren trochinoar.
Ja, men soe der stil fan wurde,
De natuer stelt noait teloar.

Jinsen yn in smoute hoeke,
Stiet de fleurige margriet.
Kein steam hja dÍr breid te wÍzen,
Tear en sa skjin, sa rein en wyt.

Under de seringebeammen,
Pronket noch de beltsjeblom.
En de wyn dy liedt klokjes,
It angelus, o minsken kom.

En Wat deun, ticht by de grŻn dÍr
Stean de kleurige fioelen.
It koar is sa folslein en
Dat hat allegear syn doelen.

DÍr fergetten yn in hoekje,
Bloeit no hjir noch lang om let.
Ien fan d' alderlytste blomkes,
Dy prachtige ferjit my net.

Boppe ķs de blauwe loften,
Uneinich fier en o sa heech.
De sinne struit syn waarme strielen,
Ryklik ljochtsjend hjir omleech.

Yn ķs herte w‚let langstme,
Begripe dogge wy it net.
It albestjoer hat alles regele,
En ferjit de minske net.

Ienris sil dit wer fertarre,
Sawol minske as de blom.
Soenen dÍr ek blommen bloeie,
Earne, yn dat himelrom?

Tsjummearum J.H.W.