In hillige histoarje ....

It joech noch al in hiele drokte,
Doe't Jochums Jetske wie ferstoarn.
Bten al it moaie hsrie,
Ek har hske mei wat ln.

Tefreden yn it deistich libben,
En behelpsum foar in oar,
Jetske wie in aardich frommes,
Kearde nimmen by de doar.

Jochum hie ek aardich buorke,
Ek wol minne tiden hn.
Beide koenen hja it fine,
Yn it libben net bedoarn.

De beide bern dy moasten leare,
Kamen drtroch goed te plak.
Piter, dy wie master wurden,
Simon siet yn 't timmerfak.

Faken wie der noch al heibel,
De beide froulju koenen net.
De iene seach yn de oar syn sktel,
Meastal wol wat ryklik fet.

Wrom dy no einliks tsierden,
Dat fn Jetske al sa gek.
Want har beide troude jonges,
Hienen nearne oan gebrek.

It minske woe net testamintsje,
Sa ryk wie hja no ek wer net.
Se fn dat altyd mar omslachtich,
En nderskied dat woe hja net.

It kaam sa oars as men wol tochte,
De froulju droegen harres ta.
Der foelen faak mar skerpe wurden,
Elk woe sines no wol ha.

Om mar t 'e rie te kommen,
Wie alles doe op sinten set.
Hja ornearren dat wie 't bste,
En djoer dat hoegde ek wer net.

In grutte list mei de bedragen,
Hie Piter moai op oarder set.
Sels it alderlytste dinkje,
Untbriek ek yn de rigels net.

Doch wie der noch wat forgetten,
Der wie yn 't earst gjin acht op slein.
Mem hie ek in hiel ld tsjerkboek,
Moai mei sulverwurk beslein.

Beide froulju sa oermis,
It hillich skrift, mar dt wie wat.
Mem stie stevich yn har leauwen,
En hja tocht in soad oan God.

De iene bea tsjin de oare,
Mar Piters Aly rkte lont.
Sa krige Simens Antsje
Mem har tsjerkeboek oan e kont.

Antsje blde yn it boekwurk,
Fn dryn klaverbld.
Dat hie Mem as famke plke,
Efterhs, yn t griene md.

By it bledsje stie te lzen,
It libben is allyk in blom.
Groeie, bloeie en fertarre,
En hja komme net werom.

J.H.W.