Swilk

Goasse' Geeske, altyd warber,
Hie betiid it hs al skjin.
Yn 'e keuken noch in swilkje,
Dan hie hja it nei it sin.

't Mantsje sei: Wat silst bewege,
Dit leit noch mar trije jier.
Mar oan dy grutte skeve skrassen,
Hie syn Geeske tige 't mier.

Doedestiids mei de ferhuzing,
Wie it staaltsje sa nei 't sin.
Griis en mei in fleurich stipke,
In dweil der oer en 't wie wer skjin.

Fjouwer boeken kamen op 'e tafel,
Elk mei wit hoefolle stalen.
Goasse, al sa'n gekoanstekker,
Sei: ,,En wie zal dat betalen".

It minske hie dr al foar garre,
Hja wienen ryklik santich jier.
Alle jierren telden tige,
It moast wat netjes oer de flier.

Dat de winkelman waard doe mar skille,
Dy kaam en naam de mjitte.
Takom' freed dan ha 'k it ths,
Set dan it spul mar op 'e strjitte.

En de freeds dr wie Jehannes,
Buorlju foar it finsterrt. In mnske giele auto,
Dr kaam de flierbedekking t.

De winkelman, wat grutsk en eptich,
Ja, hy wie apart.
It ms omheech, it soe mar wze,
Mar it swilk dat wie tekoart.

It eigenwize mantsje,
Naam de ferkearde mjitte.
En al it keukenspul,
Moast wer fan de strjitte.

In wike letter is 't feroare,
Geeske dy hat no parket.
't Sit al nder lytse skraskes,
It foldocht har net.

Goasse sei noch sa nnoazel,
It moat noch wat berinne.
Geeske luts wat oan 'e lippe,
Je moasten altyd twa kear kinne.

J.W.H. Tsjummearum