De preek

De greate tsjerke yn 'e buorren
Wie dy sneins mar flink biset.
It wie hwat nijs, elk woe it hearre,
In preek yn 't Frysk, dat koe hjir net.

De Alderein wie fan bitinken,
Sa'n preek kaem hjir net ta Syn ear.
De fromme, strske eigen hearder
Gie yn 't earst al sa to kear.

It wie yn it forline
Oeral dochs mar hiel gewoan.
In dmny waerd dan faeks biroppen,
Kaem meastal t de frjemdte oan.

De platte tael wie net oannimlik,
Foaral net yn de pastorij.
Alles moast dr heech yn 't Hollnsk,
It Frysk, dat hearde d'r net bij.

Faken moast men ek wol laitsje,
De fammen praten al sa krom,
De nije dmny en syn wyfke
Founen s sprake al sa stom.

De tiden binne gns foroare,
Minsken ha it gauris mis.
De jongerein is fan bitinken,
Ho ryk s eigen tael wol is.

De Fryske dmny op 'e knsel
Kaem jin sa ienfldich oan.
Syn ld, dat galme troch de tsjerke
Mei it boadskip fan de Soan.

Hy spriek jin oan fan hege himel,
Skoarje jim dochs tsjin it kwea
It gie jin troch it hiele herte,
Fan in opstean, nei de dea.

De man syn preek wie sa oertsjgjend,
Al syn wurden wienen wis.
Gjin stjerling yn it wrldske barren,
Dy 't snder snde is.

Yn syn hske yn 'e buorren
Siet lde Keimpe yn syn stoel.
Hy lstere troch 't moaie kastke,
De preek kaem him sa oan 't gefoel.

Hy koe mei nimmen prate,
Gjinien dy't hjir hwat sei.
De wurden fan de dmny,
Dy klonken yn him nei.

De neiste wie him ek ntfllen,
Hwant elk forliest it wrldske pleit.
It alderlste rjocht yn 't libben,
Dat is oan de Heechste Heit.

Tsj. J.H.W.