Energie?

Dat wie in foroaring.
Yn it doarp de gasfebryk.
Sterke wrotters mei de skeppe,
Groeven sleuven lns de dyk.

Ovenbouers en gelearden,
Kamen t it Dutske ln.
En de djip forladen sktsjes,
Brochten hjir de stienkoal oan.

Gjin gekliem mei hurde turven,
In skjinne panne fan it fjr.
It nije lampke oan'e souder,
't Wie yn't earstoan wol hwat djr.

It fernuft gie al mar fierder,
En elk dy moast in geiser ha.
In bad en ek noch mar in doeske,
En dat gyng mar oan en ta.

Greate huzen en gebouen,
Riisden as it reid oerein.
Greate rten, greate romten,
D'r wie gjin materiael foar slein.

Architekten mei har mannen,
Founen it mar maklik t.
Sofolle ljocht en sofol buizen,
Izeren konfektors four elk rut.

Mar doe kaem it ldernijste,
Lange buizen yn 'e groun.
Hwa hie dat ea tinke kinnen,
Dat men hjir it ierdgas foun

It wie net mear to stuitsjen,
De hikke wie nou fan 'e daem.
It ierdgas t s lytse lntsje,
Waerd oer de hiele wrld fornaem.

Hwat mear as men d'r fan forbrkte,
Gie de priis wol gns omleech.
Yn it fjild seach elk fan fieren,
In gasflaem, lggjend nei omheech.

Hjoed de dei, hou is it mglik,
Ha wy in saneamd bistek.
En dryn wol men now biwere,
It ierdsk forbrk giet fiersto gek.

Nou moatte wy wer oan't bikrimpen,
De foarrie rekket op, allicht.
Wy kinne d'r mar goed om tinke,
Oars dan draije se de kranen ticht.

Giet de minske, yn'e takomst,
Wer op nei it lde ta?
Moat de auto wer fordwine,
En elk in hekje kachel ha?

It kin jen soms o sa binije,
Wr wy dochs wol hinne gean.
Hoe lang sil it noch duorje,
Dat s ierde sil bistean?

Tsjommearum, Simmer 1979 J.H.W.