Slagge

t Is sneintomoarn, de sinne skynde,
It hiele fjild wie prachtich grien.
Paulus seach sa troch de ruten,
Hy hie dr al in hoartsje stien.

Op e seize, by de opfeart,
Weide al syn stamboekf.
In tke boer, hy mocht dr wze,
Wie ek berne op dit st.

Libbe hjir wol sa tofreden,
Great en sterk, in soune lea.
Paulus hie it hjir wol makke,
Romte en in goed stik brea.

Greate Brecht fan Durk en Hieke,
Wie foar him in bste stipe.
En hy wie dus ek net troud,
Men koe dat net bigripe.

Syn lden wiene him ntfllen,
Dat wie al wr hwat jirren lyn.
Op in pleats, smk yn e beammen,
Is it ek net altyd sinneskyn.

As jonge koe dr tige leare,
It minste wie almeast in acht.
Heit, dy mocht dat hiel wol heare,
Hwant de kennis, wie de macht.

Paulus wie as minske slagge,
En ek hege titels helle.
Heit dy hie him dr opstien,
En alles ek bitelle.

Yn de boeken, altyd leare,
Woe men hwat birikke.
In protte moast er him ntsizze,
En oeral mar yn skikke.

Yn e fjirte, by de hikke,
Dr stie Rinse mei in famke.
Hja rppen oan de lde bles,
Dy rn dr yn it kampke.

Togeare op e leegre skoalle,
Mar Rinse wie net fierder gien.
Ek al mei en t de krapte,
Hie dy mar oan de houer stien.

De jierren wiene rd forstrutsen,
Wr wie dy tiid doch einliks bleaun.
Rinse ek in lde bealcher,
Altiid noch syn bste freon.

It famke yn it bliere jurkje,
Wie al fan syn ldste soan.
Hy hie it berntsje op e earm,
En krpte t wyfke suver oan.

Paulus stie moarns te tinken,
Hwat hie it libben him nou jown.
Altyd oan mar yn e boeken,
En nea de wiere leafde foun.

De minsken t it lytse doarpke,
Seagen heech by Paulus op.
En ek om t er aerdich jild hie,
Die mannichien dr in berop.

Hy stoarre troch de greate glzen,
It wie foar him no al te let.
Wittenskiplik tige slagge,
Mar pake, n, dat waerd hy net.

Tsjommearum simmer 1982 J.H.W.