Rijs..

Jo kinne dus wol komme,
Takomjier op maijedei.
De frou die hat bisluten,
t Giet om in faem, sa ik al sei.

Mei dat boadskip kaem Jehannes,
Hja moasten ek hwat oars.
Har fanke, dat wie Joukje,
Lits bitinklik oan e noas.

De frou fan Wibe Martens,
Hie al mannich faem fersliten.
It minske wie oerdedich skjin,
En snich op it iten.

Joukje hie graech leare wollen,
Mar dat siet dr wier net oan.
Hja moast ek mei fortsjinje,
En by heit op t wiete ln.

Maytiids mei de measte drokte,
Ierdappels sette t e bak.
Letter, nt yn skeaven binne,
En it flaeks ek moaij to plak.

Yn e hjerst, fuort bij de gripe,
Op e knibbels tsjine groun.
Heit wie altiid dwaende,
Drok, ta yn e skimerjoun.

t Moast mei Joukje tige wenne,
En foaral ynt oanbgjin.
Siet to hlden en te kearen,
Is t de frou wol nei it sin.

Se skrobbe en se dweilde,
Op in pleats wie altiid wurk.
Swarte kachels poetse,
Hja like wol in turk.

De frou dy tochte wol om Joukje,
Lei faek rys yn tsjustere hoeken.
Wie no just net kwea fan aerd,
En meastal goed te brken.

t Fanke moast har sa bitinke,
En se hie it net sa rom.
Rys yn finsterbanken,
Foun hja wol sa stom.

It gie om Heit en hsgenoaten,
Drom hlde hja har stil.
Alle dagen nderhearich,
Wie sa tsjin har eigen wil.

Op in moarn, t wie yn e keuken,
Sei de frou, ik sit hwat oan.
De klok dy slacht al alve re,
Hwat sil wij ite fan e moarn.

Nou misskien kin ik jo helpe,
k Ha it lang biwarre.
Sjuch, in pdfol samle rys,
Dat wol ek wol fortarre.

Dr foel net mear te praten,
Joukje krige sa mar dien.
It wie foar har wol san forromming,
En hja liet ek net in trien.

Heit, dy koe noch wol hwat bliuwe,
Al wie it libben frijhwat sr.
It oare jier, t is to bigripen,
Forhzje, nei in oare boer.

Tsjommearum, Maijtiid, 1982 J.H.W.