It miel

Jimme moatte dus foaral ek komme,
Op s heugelike dei.
Fyftich jier yn trou forboun west,
Doch it s ek mar ris nei.

Dat sei lde Bjinse Dykstra,
Hja kamen alle simmers trou.
Dienen dan de greate rounte,
Yn 'e auto mei syn frou.

Se hienen ek yn it forline,
Wenne op itselde plak.
En hjir mei nocht en Wille,
Buorke, yn it lnboufak.

It wie har meastal tige meiroun,
Urven noch al hiel hwat ln.
Ja men koe mei rjocht wol sizze,
Minsken t de boerestn.

De Dykstras libben nou al jierren,
Yn in villa yn e std.
Hy wie altyd sa fortsjintlik,
Op it greate lnboumd.

Doutsje sei, dat sil hwat wurde,
Beide nochris yn e trein.
Wy kinne dr no net omhinne,
Bjinse hat it ddlik sein.

Durk hie noait net folle omhael,
Wie mar 't leafst by 't ln en 't fe.
Hlde net fan dat twrykse,
Joech him del by kofje en th.

It houliksfeest fan Bjinse en Betsy,
Dat wie tsocht op in freed.
It soe dr wol in drokte wurde,
Lnbouminsken by de fleet.

Doutsje noch in nije jpe,
Durk yn t ldernijste pak.
Mei in moai en wyt boesgroentsje,
En de strik mar tige strak.

Se wiene net de lderearsten,
De seal dy wie al flink beset.
Earst mar efkes by de hn ha,
Hja waerden wol yn t sintsje set.

Mannichien die dr in wurdsje,
Om it gouden houlikspear.
Op de lange wite tafels,
Stie it iten hast al klear.

Alles wie wol sa ynoarder,
Oeral roaskes, read en giel.
Bitsjinden sieten mar te switten,
Foar de gasten en it miel.

Durk dy koe him net sa rdde,
Mei ms en foarke en servet.
Doutsje die mar as se ths wie,
It lekkerste ntkaem har net.

De oare deis oan eigen tafel,
Readstar en blomkoal mei keniel.
Doe sei Durk myn leave fanke,
Hwat is dit in kostlik miel.

Tsjommearum J.H.W.