Monumint

Al hast tzen jier yn forline,
Bistou forrizen t e s.
Us foargeslacht, de stoere Friezen,
Hienen hjir doe al drachtig f.

Wrakselje tsjin wetterfloeden,
Altyd skraech de kop er foar.
Manmachtich wie men altyd dwaende,
Hjir in dyk en der in skoar.

It wie hjir goed to wenjen,
En 't swiere ln, de se nlutsen,
Wie mei troch minskelike kreft,
Rikelik, mei f en frucht bidutsen.

Maitiids, simmers en ek hjerstmis,
Kloften minsken op it ln.
Mei ienfaldich ark seach men de keppel,
Sichtsje, yn it ripe koarn.

Jerappels sykje op 'e ekers,
Groue mudden op 'e lea.
En it nt oan moaije stken,
Skreppe foar it deistich brea.

Boppe har, driigjende loften,
Yn de fierte, de lde toer .
Elk, hie hjir syn djre plichten,
Op re en tiid wer nei de boer.

Dou krigest ek in goede namme,
Men hoegde hjir gjin drege kar.
Mei noed en swit, de s ntwoarstele,
In swier kerwei, faek slim en bar.

Wy makken in tapaslik wapen,
Fan it fruchtbere gehiel.
Mei rjucht, koestou dyn namme drage,
As de gemeente Bar-radiel.

Langlesten, hie men noch sa'n noeden,
De diken moasten wer omheech.
Wy koenen hjir dochs net forspe,
Dan mar de greate ponge leech.

Fan hegerhn wurdst nou forkwansele,
Dan de buorlju, sa 't men seit.
Dyn namme, moat mar gau forstjerre,
Yn de greate ivichheit.

It sil us skielk dochris binije,
Hoe alles komt en hoe it rint .
Lit s neiteam dy noch eare,
As in forskiten monumint.

Tsjommearum, hjerst 1979
J.W.H.