Skuon

Op in moarn, it wie by tsienen,
Doe kaam dmny troch de doar.
Dat wie by Ltzens Hiltsje,
De kofje prottele op't komfoar.

Hea, dr ha wy dmny,
No, dat komt net faken foar,
Ja, ik wol ris mei jo prate,
Oer it iene en it oar.

Jimme binne noch at machtich,
En, it soppet tink net rom!
Kin Djoke s ek helpe,
As ik dan wat temjitte kom.

Ltzen sei de jns tsjin Hiltsje,
Do moast it mar berde,
Dat dmnys wyfke, sa tinkt my,
Is net san makke kde.

Djoke soe d'r dochs mar hinne,
Al hoet earst ek like.
It skeelde deis in miel,
It lean, twa gne yn e wike.

't Fanke koe har duvelsk rde,
Aftyd sa optein en blier.
Ja, it wie in sterke donder,
In tsjeppe faam mei kroljend hier.

Mefrou dy sei, dit ha wy troffen,
Rn sels net hurd utein.
Djoke dy koe alles tille,
En Se fleach hast as in trein.

Op in dei, hoe wie it mglik,
Wie mefrou har skuon kwyt.
Dy moasten dr perfoarst werkomme,
Myn leave help, dat joech gjin skyt.

Rnom sykje, yn alle hoeken,
Wat wie dit in rare dei.
It minske wie net bst te brken.
Mar de skuon, dy bleauwen wei.

Set tsjin drnny: 't moat feroarje,
Helje it oan yn jo gebed.
By it miel de tsien geboaden,
Stelle, mar dat mei net.

De sne Djoke altyd honger,
Lstre meastal net.
It smakke har sa stomme lekker,
lerappels fleis en kowefet.

Yn it gefal kaam gjin feroaring,
Mefrou hie dmny al safier.
D'r mar rjocht foart te kommen.
Mar dat foel him fige swier.

Ltzen lilk en sei tsjin Djoke
Wat is dit in raar getsier.
Mar it famke wie nskuldich,
Ik swar it heit it is echt wier.

Dan net wer nei de pastorije,
Se ha it no foargoed bedoarn.
Do kinste my wol helpe,
Bytfertinje op it ln.

D'r kaam in nije wurkster,
Ja, sa kin it faken gean.
Dy seach mefrou har sljochte skuon,
Under de lde mangel Stean.

J.H.W.