Grinzen.

It is der dochs fan kommen,
De oerheit hat it wn.
In stikje fruchtber Barradiel,
Is samar Biltske grn.

De measten sille it net fernimme,
Barradiel wie al sa ld.
En altydoan mar dat feroarjen,
Lit de measte minsken kld.

As men goed en knap fertsjinnet,
It wiet en droech krijt op syn tiid.
Hat men net sa folle easken,
En freget nem ek net om striid.

De inkeling lit him net liede,
Dy hld noch fst oan it ferline.
Al it nije fan de tiid,
Dat kin hi mek net bine.

Dat die bliken op e buorren,
Yn it doarpke Minnertsgea.
Dr wie in wyfke sa prrazend,
Sa hearre jo it net.

Dr stie in mnske fiskekarre,
Op e lde dimpte feart.
De keapman wie in fleurich baaske,
In mltsje, jo ha it noait sa heart.

Dy sei, meefrou, wat mot it worre,
Bakte heerrings of t t suur.
Jou kinne hier fan alles krije,
Foor in pryske, niet te diir.

It kribbich minske sei fuortdaliks,
Kinne jo it Frysk net mear.
De skieding fan s ld gemeente,
Docht s noch sa sear.

Ja mefrou, dat kin wel weze,
Maar it ferleden hewwy had.
Jou motte nou met ons as Bildtkers,
Met syn mooie taal op pad.

It minske lilk en sa ferskuorrend,
Makke daliks rjochtsomkeart,
It mantsje moast dr wol om gnize.
Yn syn karre op feart.

It kin yn t libben frjemd beteare,
Men hat fan folle talen heard.
Mar de measte boerske minsken,
Ha it Biltsk dan ek net leard.

Tsjommearum, Foarmoane 1984
J.H.W.