Kreakelingen.

It wie in pr dy kreakelingen,
De bakker hie se, sft en swiet.
En wol op heechtijdagen,
Dat s folk sa lekker iet.

Berte en by bliidskip,
Bistruit mei ryklik swiet.
By fskied en forstjerren,
Sft en bros, der wie fortriet.

De priis wie net fan it goedkeapste,
Men naem it wier net elke dei.
Mar kaam der nforwachts bisite,
Dan parte die ek mei.

Dizze soarte kreakelingen,
Sjucht men nou net mear.
t Is nou gebak of rjemmetaertsjes,
Moai yn stikjes, kant en klear.

Hjoed de dei, hoe is it mglik,
Binne se der wer.
Op hiele moaie heechtijdagen.
Yn e stdden, her en der.

Men brekt se fuort oan alle stikken,
Troch de pelysje mei in houn.
En lizze faek oeral forsmiten,
Yn e strjitten op e groun.

Dizze soarte kreake-lingen,
Fine wy wat al te djr.
It is net fan de echte bakker,
En binne s ek fiersto sr.

Jou s mar werd dy fan foarhinne,
Mei skerguod en lekker swiet.
By nasjonale heechtijdagen,
Mei in fleurich Hollnsk lied.

J.H.W.
Tsjommearum foarjier 1980