Niget.

Wij sjugge altyd om s hinne,
wr in oar mei dwaende is.
Mei in protte kommentaren,
Hwant wij binne sels sa wis.

Sjuch, dr ha jo lytse Simen,
Ek al op in nije jyts.
Dan freget men, ho is it mooglik,
Hwant de bern dy bin' noch lyts.

Moat jo sjen nei Martens Luutske,
Wr dogge se it wei.
Al wr in moaije neije jpe,
Net foar Snein, mar foar de dei.

En it soantsje fan de dokter,
Ek noch mar in jonkje,
Al in greate bokkekarre,
Dy ha grif hwat mear ynt pongkje.

Komme jo by Berends Baukje,
Alles yn it tsjke plus.
En de djrste eken stuollen,
Now dy man dy hat in krs.

Teake Tryn, dat earme sloofke,
Dat hie ek wier net moatten.
Hja forwachtet, ha ik heard,
De alfte, mei koarten.

Douwe en Tiet, dy sille boue,
Op in skiterich hoekje ln.
Net in Neil om op to biten,
Ho dourre se it oan.

Dan dy Sies, fan Jan en Japke,
Har winkeltsjc, mar o sa lyts.
Dy Ryd al pot Jandoarje,
Op in greate moterfyts.

Sneins, nder it tsjerkfolk,
Manlju, yn har pakken klean,
Froulju, mei de moaijste mantel,
Elk wol yn it nijste gean.

De klok, dy lied four Berends Baukje,
Dat wie it wyfke yn it pls.
Nei in koarte, slimme sykte,
Gie hja nei it Ivich ths.

Oan'e kant, dr steane minsken,
As dr immen is forstoarn.
By it fskied fan it libben,
Hat men dr noch Niget oan.

Tsjommearum, Maye 1983. J.H.W.