It kastke

Durkje wie al tiden minnich,
Dokter kaem dr oer de flier.
Yn e rach en mei de mage,
Har libben wie fgryslik swier.

It wie nei Douwe minder wurden,
Dy wie fleurichop fan toan.
Stipe meast t krebintich wyfke,
Hie in bulte lijen hawn.

In neiteam wie har net bisoarge,
Miskien hiet dan wol better gien.
De handel,die hie Douwe makke,
Mar Durkje klage stien en bien.

Dokter kaem meast om e wike,
Ek by harrentroch de doar.
Undersocht it lde lichum,
Skriuwdedan wer pillen foar.

Se koenen beide skoften prate,
Eiden alle nijtsjes oer.
Durkje koe dat wol bitelje.
En foun dokter net te djr.

Brfrou Hiltsje sei dan wolris,
Jo moatte dr hwat faker t.
Troch har lde stifuotten,
Siet hja meastal foar it rt.

Durkje roun al nei de tachtich,
En se hie fan t moaijste guod.
Finsterbanken fol mei blommen,
Leave minsken wat in prot.

By it finster stie in kastke,
Dat gie ek al jierren mei.
Dokter foun it al sa prachtich,
Seach der faek mei niget nei.

Durkje moast de wrld forlitte,
Dmny spriek in treflik wurd.
En drnei kaem de notaris,
Mar do gie it hurd om hurd.

Foar de dokter wie it kastke,
Mei de stelten op e hoeke.
Sa wie dat troch har biskreaun,
De neisten moasten bakseillke.

Dokter die de doarkes iepen,
Rp ldroftich- kik eens Mien-,
It kastke siet noch stiiffol doaskes,
Mei de pillen dr noch yn.

Minsken binne faken syklik,
Iensum en in brutsen hert.
En foar soksoarte kwalen,
Helpe ek de pillen net.

Tsjommearum, hjerst 1982 J.H.W.