DE BRIEVEBUS

Oanrin: Wy rinne yn it libben oan in bulte dingen foarby,
Omdat wy der net by trochtinke wat wy foarby rinne.
Dochs binne der fan dy dingen,dyt s omtinken mear fertsjinje as ornaris it gefal is.
Ien drfan is dan grif de brievebus en drom litte wy dy no efkes oan it wurd.

Altiid oan e selde muorre,
Hingje ik hjir op t selde plak.
Bulten minskelike tinzen
Fine hjir har nderdak.
As de minsken my foarby gean,
Tinkt men meastal net oan my.
Dochs bin ik it dy t earst alles
Wat hja witte, yn my krij.

Mei ik jim hjir noris sizze,
Wat ik allegear yn my ha?
In ferskaat fan al dy brieven
Bringt it minsdom nei my ta.
Brieven, fleurich, saaklik, earnstich,
Wurde yn myn kastke wei.
k hoopje, as dit lietsje t is,
elk dr ek oan tinke mei.

k Ha in brief hjir, wat in dochter
skriuwt oan mem oert heechste lok:
De ferwachting fan har earste.
,,Mem wit wol, no wurdt it drok.
Alles is hjir bst yn oarder,
k bin neat brek, foar t wurk in faam.
Dochs woe ik, wrom wit ik net,
Dat s mem no by my kaam.

In soldaat skriuwt ek nei hs ta:
,,Heit en mem, ik bin goed sn.
k Hat hjir bst, dat moat ik sizze.
Freonen ha ik hjir al fn.
Mar ik fyn it o sa spitich,
Dat ik net nei hs ta mei.
k Woe sa graach by jimme wze,
Mei de Kryst en Aldjiersdei.

Dan, in mem skriuwt oan har jonge,
Dy t op see skrept om syn brea:
,,Noed hie k altiid mei dyn libben,
No fiel ik myn eigen lea,
Want do witst, k sil tachtich wurde
k Bid no elke dei s Hear,
Datsto mei myn jierdei ths bist
Jonge, t is de lste kear

Ek in jonge yn e frjemdte
Skriuwt: ,,Ik ha it hjir sa goed.
Altyd sn, k fertsjinje aerdich
En ik bin fol goede moed.
Mar dat briefke fan dy jonge
De lste rigels binne sa:
,,k Ha it bst hjir yn frjemdte,
Mar k woe graech nei Frysln ta!

Hjir in skriuwen fan in seeman,
Swalkje moat hy, ier en let.
Bot is t skriuwen, neat net leaflik,
Och, soks kin in seeman net.
Mar de alderlste rigels
Binnas sinne troch de mist:
,, k Hoopje dasto mei s jonge,
As ik kom oan e haven bist.

Brieven, brieven, nochris brieven;
Brieven lang en brieven koart;
Brieven mei in fylsetaasje,
Brieven mei in rntsje swart;
Leafde, haat en fleur en smerte
t komt by my, ja dat is wis;
t Blykt, al bin ik dan gjin minske,
In bulte yn my omgien is.

J.H.W.