De postrinder

Geale, fan Dark en Hike,
Swalke deis fan doar nei doar.
De brievetas oer 't linkerskouder,
Fan de iene nei de oar.

Net sa swier fan lea en lichem,
Hoegde ek gjin drege kost.
Gauris by dokter sitten,
Sadwaande dus mar by de post.

Hie oan alle minsken niget,
Want der wie net ien gelyk.
Faken moast hy al sa gnize,
Lei rngear en krom en bryk.

Drok en tige wurklik,
Al de brieven op in rychje.
Underweis opt lde fytske,
Kgje op in reid of twychje.

Moarns betied ek net fersliepe,
Mei de postsek nei de trein.
Dy stoppe op bepaalde tiden,
By Andrys Bet, op 't skeane ein.

Aparte deiske minsken,
Elk hie sa syn praat.
Sterk en stoef belibbe,
Mei in boel ferskaat.

Foaral de frjemde sprekmanieren,
Hy ferstie se goed.
De iene syn gebyt dat knypte,
In oarenien siet mei de foet.

Moarns om njoggen oere,
Kofje op it lde stoofke.
By Akke, net al te skerp.
It doarp fn har in sloofke.

Sa wist Geale fan de minsken,
It stopwurd en it sizzen.
Krom fan 't laitsjen,
Gyng er faak by lizzen.

Liuwe Gatske t de stege,
Meast op lde, brike skuon.
Sei faak snder erch,
Myn God, myn help, och leave man.

Kaam by by de bakker,
Dat wie in Fander Tn.
Wynderich en loslivich,
Geale tocht dy bakt se brn.

Sibe slachter, fan lds in stjedsjer,
Snijde moaten t in kou.
Tsjin de frouliu foar de toanbank,
Sei er, kykris, wikmarsgenou.

Sape, t de klaaiingswinkel,
Wie de klanten wol, ta tre ast.
Sioch, dit is mei in blomke,
Mar wol yn deselde geast.

Paulus Anne, sa gemoedlik.
Krige atyd net har part.
Hja koe amper lze en skriuwe,
Sei dan mar, fan soksawat.

Keimpe Keunst, in eptich mantsje,
Lawaaierich en aggressief.
Brkte meastal frjemde wurden,
Wurke altyd yn taryf.

Grutte Beitske t e buorren,
Moast om alles janke.
Kaam nferwachts har dochter ths,
Hearegod, myn leave fanke.

Sa gyng Geale alle dagen,
Fan de iene nei de oar.
Sette middeis trije oere,
It fytske binnedoar.

Tsjummearum J.H.W.