It stuoltsje

Japik Wytses, ek al santig,
Hie noch mar in goed gehoar.
Sei in jn sa tsjin syn wyfke,
Der binne minsken by de doar.

Froukje, frijwat deun meit knipke,
Tocht, wy sille it wer ha.
Wa bin no wer oan it skoaien,
Om sinten, foar it korps of sa.

Jn, sa seine Gryt en Klaske,
Wy komme foar de rommelmerk.
Hawwe jim ek spullen oer,
It komt ten goede oan de tsjerke.

t Hoecht net opslach en daliks,
Wy ha noch trije wike tiid.
Alles wat jim misse kinne,
Mei in lytse bin wy bliid.

Deselde jns sei Frouk tsjin Jabik,
Op e souder stiet in stoel.
k Hie sa tocht dy moat der hinne,
Wat moat wy mei dy lde boel.

It boppeein sit fol mei mge,
Ja ik sis t mar sat it is.
Foaral dy skurve sitting,
En it rkt net al te fris.

Dat kaam Jabik oan it herte,
Der klonk weemoed yn syn stim.
Wrom moat wy dat no misse,
It stuoltsje is noch fan s mem.

Do haste noch wol oare rommel,
Dyn kasten sitte fol mei guod.
Hld dryn ris tige romte,
Jou wat fan dyn eigen fuort.

De sneontemoarns ried lytse Bauke,
Troch it doarp mei kdde en karre,
Tusken allerhanne guod,
Stie it stuoltsje, lang biwarre.

De wyks drop, in protte minsken,
Gyngen der it pleintsje rn.
Men seach jin d eagen t e holle,
Mannichien dyt der wat fn.

De measten diene dr wat hannel,
Al wie it faak mar o sa lyts.
Wie it grut of wat nhandich,
Kaam it efter op e fyts.

It bistjoer wie sa tefreden,
Hienen hast gjin guod mear oer.
Nee, dat hien se net ferwachte,
Hja barden noch in moaie stoer.

It kin yn t libben frjemd beteare,
It lde stuoltsje dat wat stonk,
Stiet no wat hskes fierder,
By Jilles Joukje wer te pronk.

Tsummearum 25-3-89. J.W.H.