De lde skipper
===============

Sweijend mei syn greate earmen,
Swalke de lde oer de dyk.
De jierren hiene him al tekene,
It gebiente sakke al hwat bryk.

Hja wierne noch sa moaij togeare,
Memke en hij en wolsa ryk.
Mei flyt in eigen hske garre,
Yn e buorren oeral lyk

By de hjerst, dan gyng de skipper
Stfst nei de feanen ta.
Dat die dr ek al mannich jierren,
Hwant elk dy moast Jierrappels ha

It skipke, wie in fjitich touner,
Lade hij meastal hast to sink.
Hwant namstomear koe dr fortsjinje
De earmoed lichte faek de klink.

Nei dagen yn e line lke,
Lei hij dan syn boatsje fst.
It lange lichum troch it rfke,
En joech him noflik yn it nst.

De oare dei, dat wie gewoante,
Gie hij nei dmny en Pestoar.
Brocht dr dan, fan de bste reade,
Hij frege dr gjin sinten foar.

Sneintomoarns, dan sei de herder,
Broeders, zusters, wist U het al.
Dorenveld is aangekomen,
En ligt bij ons weer voor de wal.

Hij heeft ons nu ook niet vergeten,
Voor iedereen is er wat bij.
Het zijn weer, hele beste piepers,
Van de goede Friese klei.

Yn de feanen wie ek honger,
Hij wie opslach de ierpels kwyt.
It wiernen faek net fan de beste,
Mar elk hie wol in goed gebyt.

En wr hwat dagen letter,
Lei Mle dan wr foar de wl.
de bste bagler turven,
Foar in pryske, net sa m1.

Brnje moast men dochs wol hawwe,
Elkenien hie wol forlet.
Mei ryklik turven op e souder,
Skoudre men de winter net.

Mei de koerren op e karre,
Skoude hij de buorren lns.
Skippers wiene sterke minsken,
Yn it sjouen hiel hwat mns.

Op it hiem stie meast de karre,
Men loege dr de koerren fol.
Alles by trep op sjoue,
Wie faek mar in smoarge brol.

It tellen gie meast wol hwat hastich,
Soms it wyfke efter t rt-
Al gauw saech dat delde skipper,
En rp bigryplik, Jo kat dy naeit der ut.

Hij koe op t lst syn lde klanten
Brocht mannich brnje troch de doar
Hwat ek de minsken fan hm tochten
Syn wyfke, dy gie altyd foar.

Altyd sei er ld oertsjgend,
Gyng men soms oan him foarbij.
Heb je me voor, ik vind het heerlijk,
Heb je me tegen, wat mitert my dij.

Turf, jierrappels en de skipper,
Bin allang ta stof bisteld.
It forhael dat is histoaryk,
De man dy hat it sels forteld.

Tsjommearum, Foarjier 1979.
J.H.Westra.