Furdgum, 25 maeije 1766.

Goed oankommen op 'e 1e maeijedei.
't Bigjint der nou op to lykjen, ek yn 'e hs.
Yn 'e skoalle is it hear gau oer to sjen.
Gaest wie lyts, Furdgum noch lytser.
Lykwols, t 'e omkriten dripket it moarns noch al hwat oan.
It doarpsgebiet fan Furdgum is gns binei it Wiid by Rie oant Dykshoek ta.
Mar der binne noch al hwat oerrinders, btenbuorsterbern t de buordoarpen Minnertsgea en Tsjurnmearum.
De bern: itselde slach as yn Gaest.
It ln is yn 't sied, der komt al hwat op. It liket skoan.

Furdgum, 17 juny 1766.

De saken yn Gaest binne fwikkele.
Brief t Ljouwert.
Tante Johanna wol graech witte en sjen hwer't wy bilnne binne.
It wachtsjen is op in goede gelegenheit.

Furdgum, 20 septimber 1766.

Op dizze moaije hjerstdei stapre tante Johanna t 'e phaton fan Epes Wielinga.
Dizze komt tsjinwurdich noch lris op Hottinga.
Snt 1758 is de pleats forhierd oan Gerrit Jans, mei de bitirngst, dat de Ljouwerter famylje in pear keamers en hwat oar geriif hldt.
Lykwols hat de slothear plannen de lannen los to forhieren.
Pieter Sjirks en Haitse Pabes binne de greate gadingmakkers.
It soe dan ek yn goede hannen komme.
Moandei moat mymhear Epes wer yn de std wze op e sitdei fan it Hof. Koe it moaijer?
De snein oerbliuwe!
En nou moast de skoalle bisjoen wurde dr't Bart syn deistich wurk hie, sei hja . . .en de tsjerke, hwer't mar komselden preke wurdt en dan noch by de graesje fan Tsjummearum, mar nou snein dan dochs wol.
Ek de tn, ja wisse! It hiele hoarnleger.
,,Dit is my net alhiel frjemd," sei hja.
,,It mei my noch bst heuge, dy reis nei de Beinten nder Minnertsgea mei Teacke Jans, de arbeider-koetsier fan Hottinga-state.
Hjir moast Mary, it lde rydhynder, doe efkes tpste.
It hoarnleger wie doe fan mefr. Dieuwke Westerhuis en de biwenners goekunde."
Foar s wie Haitsma-state doe noch in frjemde namme t in frjemde oarde.
It waerd in wndere joun, dy fan 20 septimber.
In ,,memorabele", dr't fleur en memento beide har gerak krigen.
Frl it lste.
It gyng foar s lns, de macabere stoet: Beetsterswaech, Dronryp, Gaest, mei vader en moeder van Gelder, de pastorij en de skoalle noch flymjend skerp yn 't nhldt, vader Wieger, grootvader Petrus, tante Lumine, grootmoeder Wiegertje en Aefje Simery en Dieuwke Westerhuis fan de postmaster-generael . . . en der wie gjin piipoargel (it wie forboelguodde), dat s leed forklankje koe.