Gaest, 5 febr. 1766.

De forkeap fan lytsh˙s en hofke en de 2 en in heal p.m. ,,Geare" is fŕststeld op 1 juny.
Wy forfarre de 1e fan maeije-moanne.
Jan Sjirks, de snikskipper op Boalserr en Snits, sil ˙s hawwen en hÔlden nei Furdgum bringe.
Hy hat by űnderskate skippers ˙t 'e Biermen fornommen nei de to farren route: oer Frjentsjer, Trimolen, Hegesyl, Tsjummearum troch de buorren en dan in ein de Minnertsgeaster feart yn, de Furdgumer opfeart foarby en dan it Bildtse-feartsje yn, oan it earste hege tiltsje ta.
Oan 'e westkant is de opslach fan Haitsma-state.
De snikke kin deun oan it hiem komme.
Haitsma-state wurdt ˙s honk dus.
Tante Johanna har skreppen foar ˙s hat fortuten dien.
Dr. EpeŘs Wielinga hat tasein dat wy in part fan de hiemt˙n hiere kinne, mei de helte fan de wente, it foarein fan de Ôldpleats Haitsma-state, earder Lyts- Folta neamd.
Op 28 maert sil to Pitersbierrum de keapakte tekene wurde.
It oare diel fan it hoarnleger kriget de űntfanger Sjoerd Jacobs mei syn frou Sjoerdje Freerks, ˙s buorlju dus.
Wy hoopje dat it goede buorlju wŕze sille.
It hiele hoarnleger is oant Petry 1766 ta yn gebrűk by Piter Janzen.
Mynhear Wielinga hat in diel fan it hoarnleger fan (of mei) de erven fan Haitse Pabes, by syn libben űntfanger to Pitersbierum, koft, ek mei foar ˙s bistean en wenjen.
Tűzenkear ˙s tank, tante!
EpeŘs Wielinga, riedshear yn it Hof fan FryslÔn, wie in soan fan mefr. Wielinga- Westerhuis, pleechmem fan tante.
Hja is opgroeid mei EpeŘs yn it gesin fan de postmeester Joh. Wielinga.