Gaest, 24 jannewaris 1766.

20 nov. 1765 leit al wer gns in tiid efter s.
It brief fan vaders forstjerren hie tante har tige neinommen.
Snt dy tiid hawwe wy it drok hawn.
Ynventarisaesje fan de boel, tarissing foar it forkeapjen fan it lytshs en it hofke, it stikje greide nder Ferwlde en hwat der allegeame oan fst sit.
Der komt jitte by, dat de bineaming nei Furdgum fkommen is.
Der moast nou risselwaesje makke wurde foar it forfarren, hoe en troch hwa?
It nije rinderdak, it bisetten fan in stikje ln en hwat mear oan 'e oarder komt mei itjinge dat mem forlit en itjinge dat men hopet to krijen.
Der binne twa stikjes ,,schoolland" fan elkmis 2 en in heal pounsmiet en de tsjerke hat ek gns hwat ln, dat ... en maeije rint hurd oan.