Ljouwert, 4 novimber 1752.
Ik bin by tante Johanna yn 'e Heechsrjitte.
De moardsaek hat juster foar it Hof west.
Men is al hiel hwat to witten kommen.
De formoarde man is Rindert Sipkes t Kollumerln en de beide moardners binne Jacob Harmens fan 'e Rottefalle en Hendrik Plaatman fan Snits.
It docht bliken, dat de trije manlju tongersdei 19 oktober yn Amsterdam mei it beurtskip nei Warkum reizge binne en sneintomoarn ier en bitiid by de fjrtoer op de ein fan it Soal oankamen.
Jacob en Hendrik koenen elkoar, wylst hja rogearre arbeiden by 't slatten fan de Snitser grften.
Doe't dat kerwei froun wie, wienen hja nei Holln tein om wurk.
Hja bilnnen yn Vlissingen, Middelboarch en de Briel.
Hjir moeten hja Rindert en mei har trijen gyngen hja de reis nei Snits oan.
Op it skip bitelle Rindert de frachtkosten en de fortarring.
Om't Hendrik goed ths wie yn de omkriten fan Warkum, ornearre hy dat de koartste wei nei Snits by de sdyk lns wie.
Underweis, by de lde koaipleats foarby Ferwlde, sloegen hja Rindert mei har ark (de kneppels) de harsens yn, ropten him de klean fan 't liif en tsierendewei forparten hja se.
Jacob Harmens, ,,arbeider, dorscher en slatter", krige de broek, in wite kile en in pear nderbroeken.
Hendrik waerd eigner fan it beurske mei sinten.
Der siet lykwols mar sawn stren yn.
Fan de kleanrf loeken hja beide ien en oar oan.
Rindert waerd yn 'e sleat smiten en hja setten togearre oer Blauhs op Snits ta.
De tolgaerder op Blauhs hie har goed merkbiten.
Syn tsjgenis die de doar ta.
Hindrik wie mei Snits toplak, Jacob reizge troch nei Damwld nei in omke.
It print wie sa goed to folgjen, dat it duorre mar in pear dagen of hja hienen de dogeneaten to pakken.
Alles hwat ik sjoen en meimakke hie, waerd optekene en moast ik myn hn nder sette.
In minne dei dy 3de novimber 1752.
Bliid dat ik de jouns my rstich deljaen koe by de feilige hurd fan tante Johanna.
De rst die my goed nei sa'n dei.
Der waerd net oer de moard praet.
Tante hie der foart it near op lein en ik woe it sels ek leaver mije.
Lyk as altiten hie hja wol oare dingen dy't har tinken yn bislach namen.
,,Ik sit sa faek allinne, Bart," sei hja, ,,en dan oerfalt my de ienlikheit."
Hja moast sa'n rke waernimme om har folle moed hwat to ntlstigjen, om meidragers en dielhawwers to winnen yn de dingen dr't hja sa faek mei omtge.
It praet kaem dan ek al gau op vader en moeder, op Wieger en op 'e lste jierren op 'e Sweach nei vaders dea.
Moeder moast bgl. it jild ynfoarderje fan it wurk dr't vader sa hommels t weinommen wie.
It hs moast forkoft wurde.
Wieger. . . , de piteit dat vader s Wieger neamde nei syn earste frou, de moeder fan s Lumina: Wiegertien van Groenenbergh, dochter fan Wessel Alberts van Groenenbergh en Lumina Lucas Dorreboom fan Stienwyk.
Dr moast hja fan fortelle ek oan de muoikesizzers, oan hwa oars ek al?
Dat vader trije ier-forstoarne jonkjes t it twadde houlik noch Albert neame liet, nei de grootvader fan Wiegertien, syn earste frou, hwerfan yn it doopboek ien: Albert Groenenbergh.
Ek fan Wieger moat hja fortelle, hoe't er yn de minne jierren op 'e Sweach yn vaders fuotstappen him tjoech foar prokureur.
Noch to jong mei syn 19 jier.
Ien kear kaem der spul mei, doe't Wieger troch Tjaerd fan Aylva nei de slotpleats op Bakkefean roppen waerd om syn testamint op to meitsjen.
By it forstjerren fan de jonker yn 1716 hienen guon fan de erfgenamten biswier tsjin dat testamint om't Wieger, ,,de zoon van wijlen de prokureur Pijtter Winsemius", jong en nbidreaun wie.
Hwat siet moeder der oer yn . . . hoe soe dat komme?
Hja moast ris bilibbe ha, dat dizze nbidreaune prokureur yn 1725 by 't Hof fan Frysln bidige waerd as notaris.
It waerd wilens bdtiid.
,,Dou hast moarn in hiele reis togoede.
Goenacht Bart, jongel"