Tante Johanna hie foldien oan de winsken fan dmny van Gelder oangeande syn foargonger Gerardus Winsemius.
Tante wie noch lang net tpraet en skoanfaer hie syn nocht ek noch net.
It die wol bliken, dat Dominicus Gerardi in avontrlik libben efter de rch hie, Antien Schellings moat syn tredde frou west hawwe.
Oplaet as byldsniier, krige er letter yn Ljouwert in oaljemole en letter noch in sjippesiederij.
Syn lste reis waerd ndernommen t Warkum wei, dr wenne alteast de widdou.
Tante fortelde noch, dat t it Dokkumer forhael op to meitsjen wie dat fan ,,over-over-grootvader" Douwe Jans, dy't nei't wy wisten acht soannen hie, s nou fjouwer bikend binne: Dominicus (de jongste) en fierder Claes Douwes, Jan Douwes en Gerardus Douwes.
It wie tiid wurden en mei in ,,nacht allegearre" stieken ,,De Vrouwe Goed en Schoon" en ik ,,de Schooldienaar" op eigen hurd ta.

DE MOARD BY DE KOAIPLEATS

Gaest, 23 oktober 1752.

Fannacht waerd der by s op it rt kloppe. ,,Master, binne jo wekker?
Der is in man formoarde!"
Mei dy tynge hellen Siebe Sytses, boerefeint by Anne Heeres to Gaest, Thomas Ages en Tjeerd Murks fan Parregea, my t bd.
Efter de lde Koaipleats tusken Gaest en Ferwlde hienen hja in dead lichem fan in man yn in sleat foun.
It die bliken, dat er deaslein wie mei in stk of sa, hwant de holle wie him alhiel formoarzele.
De moardner(s) hie(nen) de man tklaeid en libben of dea yn 'e sleat smiten.
It doarp spjaltte der fan.
Hwat stakker soe dat wze kinne en hwat minske kin soks dwaen.
Der kaem al gau folk op 'e lappen, guon koenen oanwizing dwaen oangeande de misdied.
Sa hie Jan Wiebes yn de iere sneintomoarn trije manlju fan it Warkumer beurtskip kommen sjoen, mei terskkneppels en oar ark by har.
Hwat letter yn 'e moarntiid hie de tolgaerder op it Blauhs twa manlju, mei ark by har, trochlitten.
De iene hie in str tol bitelle.
Hja hawwe dr yn 'e herberch oanstutsen.
It duorre dan ek net lang of men hie it spoar folgje kinnen oan Snits ta.