Gaest, 8 juny 1747.
Justerjoun nei skoaltiid moast ik nei de dmny om hwat skoallesaken to bipraten.
Dmny van Gelder hie mei help fan syn frou, Aaltsje Geerts Popta, foar in kosths soarge, dat nei't it to'nearsten like, goed biteard is.
Dmny syn frou woe my abslt hlde to brea-iten, dan koenen wy hwat yn 'e kunde komme, tocht hja. Ik hie wol forlet fan hwat oanhld, dat ik naem de noeging mei beide hannen oan.
In freonlrike en gastfrije hshlding dr 't, nei't ik al gau fornaem, gns leed en soarch trochmakke wie, mar dr't ek de libbenswille in goed plak hie.
Der wienen fiif bern yn 'e hs.
De ldste wie Angenietje, 23 jier, en de jongste sprt wie in jonkje, Bernardus, 7 jier.
Dr tuskenyn trije fammensbern: JeItje,Elisabeth en Doetje.
Niet ik tige bitanke hie foar de drokte om it sykjen fan in kosthsen ik myn doopseel lichte hie, kaem it petear al gau op 'e flak-bije s, mei in apart folk faeks.
It die bliken, dat dny van Gelder dr ek hjoed-de-dei nochal hwat mei to dwaen hie.
It wie ek noch mar in jier-of-hwat lyn, dat hiel Frysln jierren oanien yn de greatste eangstme forkearde oangeande de gefaren fan de pealwjirm, dyt de pealrigen oanfriet,sadat se by hnderten omfoelen.
It duorre net sa lang of de preekbondel dyt dmny tjown hie yn 1734,kaem op'e tafel:
,,Het gezegende Nederlandt of een gedeelte van dien in noodt van overstrominge door een zeldzaam wormgeknauw, dog nog hoopende op des Heeren hant ter hulpe".
,,In agt uitvoerige leerredenen vertoont."
Dmny skynde goed yn dy stoffe to sitten, hark mar!
De slimerige wjirmen trochboarje yn koarte tiid de speal dat it wol in greate hunichskiif liket.
By tzenen peallen fan de swaring binne omfallen, ek mar by in bihindige golfslach.
En de diken, snder pealwurk, kinne it nea hlde.
Alle foarln is weislein en flak oan 'e dyk stiet by de leechste tijen noch 20 foet wetter.
Sa wie de eagstme en soarch foar in trochbraek en oerstreaming yn dy dagen great.
Deputearre Steaten rpen it folk op ta in dei fan gebet, in dei dy't elk yn dimmenens hlde soe.
It hawwe in jier of tsien bange jierren west, dy fan 1730 oant 1740.
It folk streamde gear yn 'e rsjerke, dr't men de eangst en de need, mar ek de hoop op rdding tsong mei psalmen.
Mar btendat siet it regear ek net stil.
Der waerd in preemje tasein oan dyjinge dy't in middel oan 'e hn die om de wjirm t to roegjen of alteast om syn fornielend wurk nmooglik to meitsjen.
Fan alles waerd der probearre.
De peallen waerden bislein mei spikers, mei greate seiskantige koppen, lyk as skobben op in fisk, mar troch it op-en-fgeande tij slte wetter friet de roast de koppen wei en koe de wjirm syn wurk op 'en nij bigjinne.
Ek waerd der kalk om 'e peallen hinne struid om de bisten to deadzjen.
Dr wie lykwols ek gjin oprdden oan, hwant it kwea siet de hiele skust lns fan de Dongeradielen oan Stetrlingwerf-West ta.
Om't de sdlike diken om Starum hinne en by Surch de swakste sten wienen (der wienen rigen peallen omfallen) joegen de Steaten oarder dr slieperdiken oan to lizzen.
Sa waerd yn 1732 in dyk oanlein fan Warkum nei Himmelum en yn 1733 ien by de Surgerhoeke.
De saneamde Koudumer Slieperdyk rekke yn in fearnsjier klear, in wnder fan dy tiid.
Der arbeiden dan ek 2000 man oan, dr't 1000 soldaten by wienen, dyt de steedhlder tasei.
De diken wiene 66 by 16 foet.
It wie nderwilens al let wurden, mar net sa let of dmny sei tsjin de ldste: Toe, Angeniet, noch efkes de doarren fan it posityf 1 ) iepen, dan sille wy ta bislt noch sjonge de 104e Psalm, it fyfte fers:

1) Kammenet-piipoargel.

Ghy hebt de palen des Meyrs gemaeckt, vast
Daer 't niet over en komt, nog ook en wast:
Opdat het niet meer bedekte 't aertrijcke,
Deed' ghy Heer, dat heerlijck' werck desgelijcke.
Ghy deed 't water in den dalen aldaer,
En liet springen Schoone Fonteinen Klaer.
Die seer lieffelyck langhs de bergen vlieten,
En met gerugt in den dalen voortschieten.
Aen den becken en alsins daeromtrent
Woonen de vogelkens elck aen sijn endt,
Die tusschen de tacken der boomen springen
En lieffelijck met soete stemmen singen.

In skoandere joun. Fan skoallesaken wie neat kommen.
Dmny en syn frou, mar foaral de fammensbern en de nije ,,Schooldienaar", hawwe mei ,,soete stemmen" songen Angenietje hie de boppetoan.