De Ryp, 30 maeije 1747.

It slagge s justerjoun tante oan 't fortellen to krijen.
lepening fan 't archyf.
Ja wisse! sei hja, ik wol jimm'op dizze jierdei (49 jier) graech hwat fan s lderlik hs op 'e Sweach fortelle en hwat feiten en fiten, die 't vader yn syn amtlik libben meimakke hat.
Dy kinne s nou wolris oan 't laitsjen bringe en dat past hjoed wol, mar ik wol earst hwat fan 't lderlik hs, fan vader en moeder trochjaen.
'k Wie sa'n great fanke fan in jier of 15-16, doe't vader forstoarn is.
Ik haw alles hwat ik to witten kaem, opskreaun.
En moeder koe letter al sa fortelle.
Ik haw gjin bern mines neame kinnen en drom jow ik it jimme mar troch.
Doch der mei lykas Mozes, dy't Isral der op oanstie troch to jaen oan bern en bernsbern, hwat der yn 'e slachten bard wie.
Dou, Albert, hast dyn grootvader en -moeder net kinnen, mar Simery, dou wol.
En alhoewolst' noch mar 12 jier wiest' doe't wy vader misse moasten, kinst' him fst noch wol foar dy krije.
Hwat hie vader it fst foar him nommen, dat Simen ek, lyk as s Wieger, it amtlike paed op soe, dr't ek foarfaers fuotprint op stie. Dat it allegearre oars tkommen is, witte jimme.
Vader, dat witte jimm' ek, wenne en wurke de lste 20 jier fan syn libben op 'e Sweach, as prokureur-fiskael by it gerjocht fan Opsterln.
Grootvader Johannes hie trije soannen: Petrus (Pijtter), Dominicus en Jacobus.
Hja gyngen op 'e Frnske skoalle to Swolle. Grootvader Johannes en grootmoeder Anna Bout (berne to Antwerpen) wennen to Bloksyl, hwer't grootvader havenmaster en rintfanger fan haven-, sls- en wljild wie.
Foar Bloksyl wennen hja yn Amsterdam hwer't grootvader ynkeaper en biwurker fan side wie.
Oft it troch oarloggerij kaem, wit ik net, mar dat skynt mis roun to wzen.
Hy stie dr to boek as ,,zijdereder.
" Neffens de oerlevering wie syn vader dmny yn Amsterdam en syn grootvader moat t Frysln kommen wze.
Sjochl wy binne dus . . . nei de ballingskip wer yn Kanan werom.
Yn 1677 lieten vader en oom Dominicus harren ynskriuwe as prokureur by it gerjocht yn Swolle en alle trije broers bigounen in praktyk yn Frysln op 't Fean, in oankommend plak doe.
Oom Jacobus as chirurgijn.
Oom Dominicus waerd letter Verwalter en Schultus yn de ,,Heerlijckheid", Hooger en Leeger Smilde.
Doe't hy foar de twadde kear troude, namen vader en moeder de beide jonges Johannes (fan 1681) en Jacobus (fan 1683) yn 'e hs.
Vader rekke wilens as prokureur-fiskael nei Stellingwerf-westeinde (Wolvegea) en letter yn deselde funksje op 'e Sweach (Opsterln).
Unthld dat nou allegearre . . . tink oan Mozes.