De Fioelist ....

It muzykkorps yn it doarpke,
Hie al mannich jier bestien.
It blaasde fris en fleurich,
Wie gauris troch de buorren gien.

By skoalbern, ths fan 't reiske,
Ek by it keatsen yn it ln.
Fan fierren koe men hearre.
Dr komt it korps wr oan.

't Wie gearstald t in folkje,
Dat libbe op in terp.
De lieder, in gewichtich mantsje,
Syn gehoar ek tige skerp.

De smid, de ferver en de lnman,
Elk dy sette him te skoar.
Yn'e skoalle repetearje,
De krukken rattelen oan de doar.

Men koe ek tige hottefylje,
Elk naam hjir syn sechje mei.
Faken gnzen jin de earen,
It skeelde ek, wa as it sei.

Ulbe Kloat, fan Jan en Jetske,
Hie it altyd sterk by d'ein.
Pibe smid sei dan wol gauris,
Dy hat noch noait de wierheid sein.

Dy namme hie hy lang al kigen,
Ek wie er net sa botte snoad.
Dat sa sei men nannich kearen,
Sjoch dochs t, do grutte kloat.

De dirigint, deis yn'e brieven,
Brocht it korps noch aardich heech.
Hy moast der o sa goed op sitte,
De muzyk wie tige dreech.

Op de feestlike dagen,
Heech it findel yn it blau.
Jehannes die dat faken folle,
En dy stapte as in pau.

Winterdeis muzyktfiering,
Op 'e seal fan 't loazjemint.
Mannichien wie dr oanwzich,
Men seach dan wier net op in sint.

It rn sa ris nei healwei toalven,
Doe sei de Dirigint.
Jimme krije noch in stikje,
Op in nijsgjirrich ynstrumint.

It gerdyn gie noch ris iepen,
Och heden, dr stie Ulbe kloat.
Mei in prachtige fioele,
Yn in lange, swarte skoat.

En hy spile wol sa oandwaanlik,
Humoreske, op syn fioele.
Bote Bjefke hie it krap,
Dy moast suver gle.

Men hat it lang ferswije kinnen,
Mar einliks gie de bom.
De dirigint spile fioele,
Ulbe struts op 'n toutjses om.

Tsjummearum,---J.H.W.