Fam. Hessel Miedema Miedleane 3.
Dizze Stjelp stiet wat omheech oan de Miedleane.
Hy docht wat nijmoarderich oan; mar Hessel is al fan de tredde generaasje.
It spul is bouwe litten troch pake Hessel, dy t earst yn e Mieden wenne op it spul fan syn skoanheit Johannes Boersma.
Hessel Sr. waerd opfolge troch syn soan Johannes Miedema en no sitte Hessel en Rinske der al jierren.