Foarwurd

Jo witte faak wol, wert jo mei begjinne; mar hoe fine jo de ein?
No sa is it s ek gien.
Op in dei yn de neisimmer fan 1994, setten wy fleurich tein.
Wy hiene de euvele moed om in Video-bn te meitsjen fan de boerepleatsen en gerniershzen yn it lde Barradiel.

Wy ha him makke; mar op it ein, Dot wy him fdraaiden, ha wy him tagelyk wer fkard.
De bylden fan de wyn en it autoferkear bedoar it gehiel nt in bytsje.
Ek s kommentaar, dat wy derby makken hlde net oer.
Wy skamje s derfoar om dizze miskleun yn it iepenbier sjen te litten. De muoilikheden kamen, dot s foarsitter oppere, dat der ek wat skiednis by moast.br> Dat hat makke, dat it in skoft duorre hat, foardat it klear kaam.
Mar no leit it dan foar jim.

Yn it orizjineel binne de fotos yn kleur.
It kopiearjen fan kleurfotos kostet goed fjouwer gne it stik; dat soe fierstentefolle kostje en derom is it swart/wyt wurden.
Wy moatte wol bekinne, dat as wy net fan in hiel protte minsken, tefolle om hjir op te neamen, help en ynformaasje krigen hienen, it nea klear kommen wie.
Minsken t it lde Barradiel en der bten hawwe s tige stipe.
Us tank derfoar.
Dan noch, dert wy feitlik mei begjinne moatten hienen; de reden fan s krewearjen, dat wie de gedachte dyt by s opkaam om de neiteam sjen te litten, hoet ien en oar der yn de ein fan dizze ieuw yn Barradiel tseach.
Wy hoopje, dat de lzers hjir in protte nocht oan belibje meie.

Easterbierrum; K.Swart

Harns; G.Vogel (ld Minnertsgeaster)

Oktober 1996