Mids jierren fyftich . De winkels fan Bandsma, Buren, Schaper, Lautenbach, Bonsma, van Loon, Strikwerda en v/d Veen.

YN PETEAR MEI: UILKE LAUTENBACH

Der sille yn Tsjummearum net folle minsken wze dy t Uilke Lautenbach net kenne.
Aldere Tsjummearumers heucht it grif noch dat er eartiids winkelman west hat.
Mar ek de jongerein of lju dyt hjir nij ynkommen binne' witte fst wol wa't er is, as je sizze dat er nst in lege winkel wennet yn 'e Buorren.
Jo sjogge him yn'e keamer omskarreljen of al smokendewei, mei in pypfol tabak, yn 'e stoel sitten.

Uilke Lautenbach is berne op 10 septimber 1904 yn Tsjummearum.
De Lautenbachs komme fan oarsprong,sa't je t ut namme wol opmeitsje kinne, t Dtsln, mar al snt de16de ieu hawwe se har yn dizze omkriten nei wenjen set.

Uilke is berne yn it hoekhs op nr 55 yn 'e Buorren.
(neist de motorsaak fan Sijtze Kolthof), as soan fan Sieds Lautenbach, kleanmakker fan berop en berne yn 1856.
L: Us heit gong doe't er in jier of 13 wie, oerdeis nei de boer en jns nei de ,Avondschool' yn'e Lytse Buorren (ld earmhs) om b te learen.
Hy is doe yn 'e Buorren fallen op 'e stoepe.
Dr waard yn dy tiid net gench omtinken oan jn, in dokter wenne der doe yn Tsjummearum net iens, dat sadwaande is de knibbel stiif wurden en moast er tenei op krukken rinne.
It boerewurk koe er doe net mear dwaan en dan wiene der noch mar twa manieren om oan 'e kost te kommen: skuonmakker of kleanmakker wurde, It waard it leste.
Yn 1905 binne se ferhuze, se kamen oan 'e oare kant fan e Buorren te wenjen, se kochten it huske, dr Steven Smits wennet op nr.58.
Dr wie't dat syn lden in hiel lyts winkeltsje begnen.
Se ferkochten earst allerhande lytsguod: hoazzen en sokken, letter waard de hannel twreide mei manufaktueren.
Lapen waarden oan 'e jellen (el) ferkocht, foar bygelyks skelken.
Ek krudenierswaren hannelen se yn' kofje, tee en tabak.
It heucht Lautenbach noch dat syn mem ek wol mei de koer rn hat, se naam de lytse Uilke, dy't iennichst bern wie, wol mei.

L: It sil om 1910 hinne west hawwe, doet s mem mei de koer mei tekstylguod by de klanten del gong.
Dat hat lykwols net salang duorre.
Yn 1916 ferhuzen se nei it pand dr wer neist (stiet no leech, ld bibleteek).
se hiene dr wat mear romte.
Twa toanbanken kamen der yn 'e wnkel, ien foar de manufaktueren en ien foar krudenierswaren.
It berop fan de heit gong meastal fan heit op soan oer, dat sadwaande kaam Uilke automatysk yn it winkelfak telne.
Uilke wie wol aardich sportyf oanlein en de typyske Fryske sporten die hy graach oan mei: ljeppe, reedride, aaisykje, keatse.
As er it in bytsje rde koe, klom er yn 'e heechste beammen.
Keatsen waard eartiids al in soad oan dien yn Tsjummearum.
Lautenbach wit noch te fertellen dat de lju yn it begjin fan dizze ieu faak midden yn 'e Buorren keatsten.
De blinen gongen dan ticht om de rten te sparjen.
Dat it keatsen yn dy tiid dochs noch wol in sport wie dy't hearde by de merke en drom by it net-kristlike part fan it doarp Tsjummearum, docht wol bliken t it folgjende ferhaal fan Lautenbach, dy't sels op 'e kristlike skoalle sitten hat, dy 't yn 1906 achter de grif.tsjerke kommen wie.

L: Ik sil in 14 jier west hawwe, doe't der in Freulepartij holden waard, dr't Tsjebbe de Jong en Gerryt de Vries oan meidwaan soene.
As tredde maat woene se my graach mei hawwe.
Drom die Tsjebbe syn heit, dy't postkantoarhlder wie foar Ale Travaille, in loop nei s heit om tastimming te freegjen.
Mar it waard in fergese loop, it gong net troch, omt s heit it net lije woe, alhoewol 't it op woansdei wie en net iens op snein.
Dat gong allegear bten my om, ik wist fan neat en bin der in jier of 5 letter earst achterkommen.
Lautenbach kin him noch goed yn 't sin bringe dat twa doarpen yn Barradiel merkedoarpen wiene en 'reade' doarpen neamd vaarden: Winaam en Tsjummearum.
Yn 1928 troude Uilke mei Froukje Veldhuis, berne yn 1906.
De jongelju namen de winkel fan Uilke syn den oer,dy t doe nei de Lytse Buorren ferfearen.

L: It pJak, dr't no myn hskeaner is, wie earst yn hannen fan Pyt Keuning, dy't smid wie yn 'e Lytse Buorren.
Dy syn heit hie it pand al yn 1892 kocht.
Om 1900 hinne, doe't de fytsen yn opkomst wiene, waard yn it foarste diel in grut rt makke en brkt as toanseal.
Der hawwe ek wol twa hshldingen yn wenne foar en achter.
Yn 1934 doe 't wy It oankochten wie it in pakhs.
Yn dyselde tiid is Pyt Keuning ferhze t 'e Lytse Buorren wei nei it pand yn de Buorren, dr 't letter Zwalua wenne hat (no Rienks fytshannel).

Hiene syn lders op't lst in soartemint bazar, drt hja messen, hierkammen. ansichtkaarten, pipen, manufaktueren ensfh. ferkochten, Ullke hold sa stadichoan allinne de krudenierswaren oer.
Foar it lytsguod krigen se it te drok.

L: BLauwe broeken en kilen ferkocht ik ek noch wol, dat wie de dracht doedestiids yn 'e bouhoeke.
Ek dtske lekkens (flanel) hiene wy woL, wite lekkens rekken op in bepaald stuit t 'e moade.
Uilke gong der oerdeis op t om te suteljen, wylst Froukje har mei de winkel rde.
Dat suteljen gong yn it begjin mei de auto, dy 't er yn 1930 al oanskaft hie.
It wie in lksewein, dr 't de kessens thelle wiene.
De auto wie folladen mei allerhande guod, lykas bussen, kisten en blikken.
In rekje wie oanbrocht, dr't ek wer spullen op stean koene.
Uilke sels siet op 'e benzinebak.
De jns derfoar waard al it guod weage en ynladen, de oare deis sutele er it spul dan t, net allinne yn Tsjummearum, mar yn 'e fiere omkriten.
Sweins, Peins, Spannum, it Bildt, oeral hied er syn klanten,dy't trouwens meastentiids fan Tsjummearumer fkomst wiene.
Yn 1940, it begjin fan de twadde Wrldoarloch bruts der wer in hiele oare tiid oan.
It kaam foar Lautenbach net alhiel finferwachts:

L: Ik wit net, mar ik fielde wol, oan dat it oarloch wurdesoe. Ik haw doe benzine hamstere en ferburgen yn 'e grn by de braakhokken yn'e Kamp.
Sa haw ik oant july '41 trochride kinnen, drnei wie it dien, net om't de benzine op wie, mar it foel tefolle op as jo dan noch yn 'e auto rieden, want wr krigen jo dy benzine wei?
Tabak hie ik ek gench, ik bin der de hiele oarloch net trochkommen, en sjippe haw ik ek noait snder sitten, ik ruile op't lst ek wol sjippe mei s heit foar hinnen.
Ik moast my ek melde foar de Arbeitseinsatz sat dat hjitte, je koenen dan nei Drinte ta te putsjeskeppen.
Mar ik melde my net, ik tocht by mysels: dr moat ik net hinne.
Doe't de oarloch dien wie, gong Lautenbach fuort te suteljen op 'e brommer, mei in koer achterop.
In autokaam der net wer, want Uilke hie syn rydbewiis ferrinne litten.
Unwennich hat er dr net fan sest, de gruttere kriten hat er trouwens nei '4I ek net wer dien, hy bleau tenei yn Tsjummearum en Furdgum.
De hshldinq hie him sa troch de jierren hinne aardich twreide.
Uilke en Froukje hiene in grutte, mar fleurige hshIding.
Dochs hie har libben ek in skaadkant.

L. Fan s njoggen bern hawwe wy twa ferlern.
Ien jonkje is mar njoggen moanne wurden, hy stoar oan longntstekking.
Us fanke Baukje is yn maart 1945 fedronken, doet it wetter heech stie.
(yn ,e feart by de Kade lns, yn ,e eardere bocht).
Se wie dr mei har freondintsje Dineke, in dochterke fan dnny Skelhaas, oan't boartsjen en rekke doe yn e feart.
De nammen fan 'e fjouwer soannen en trije dochters binne: Sieds, Grada Maria, Gryt, Johannes, Idzerd, Jacob en Boukje.
Oan 'e ein fan de fyftiger jierren sleat Lautenbach him oan by in grutte organisaasje, en waard syn winkel in centra winkel.
Yn 1959 hat it hiele pand plat west en waard it op ,e nij opboud.
Yn 1967 stoar syn frou Froukje, hja wie doe noch mar 60 jier.

L: Doe't nyn frou 50 jier wie, krige se skersykte, doe is it lijen begn.
Faak hat se yn it sikehus lein.
wat wie't oars in bste frou, ek foar de winkel.
Soan Johannes soe ynearsten de winkel oernimme, mar hat dr letter dochs fan fsjoen.

Yn 1968 is Lautenbach mei de winkel opholden, hy is saneard om't der doedestiids fierstentefolle middenstn wie (22, de lytsen ek meiteld).
De winkel hat doe noch 11jier bibleteek west, drfoar wie de bibleteek yn ,it lokaal', dr't de boeken yn in stiknannich kasten opburgen wiene.
Wr't Lautenbach it measte grutsk op is, is op syn bern.
Se koene allegear goed leare en binne goed teplak kommen, harren heit is dr hiel tankber foar.
wit Lautenbach noch in aardige anekdoate te fertellen?

L . It wie mei de Alvestdetocht yn 1963 en hiel kld.
Ik bin mei de brommer oer it iis gongen, op nei Trimolen.
Dr kaam ien oanskarreljen, it gong net sa hurd, dy man hie yn 'e wyn en hie fansels al in aardige loop hn.
Hy bleau by s stean en sei: ik soe myn fuotten en earms wol even strekke wolle, mar wol graach droech bliuwe.
Der lei oeral snie.
Hy seach nei myn learen jas. Ik vivele al wat, ik hie noch wol in jas dernder, mar it wie hiel mal waar.
Ik hoech mar even te lizzen, sei de man doe, dat wie ek sa, want it gong hinne.
Letter haw ik noch in brief fan Reinier Paping krigen,want. sa: hiet de man, om my te bedanken.
Dan is it tiid om fskie te nimmen fan dizze man, dyt noch sa'n soad dingen t it fiere ferline wit te fertellen.
It ferline, dat foar Uilke Lautenbach al hast in ieu lyn, yn 'e Buorrert fan Tsjummearum, begn is.

April 1996
Ynterview: Geartsje vanDyk.